Op 24 maaie 2022 hawwe Deputearre Steaten besletten om de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF) oan te passen. Dat betsjut dat alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis fan it skoaljier 2022 – 2023 ôf fergees Frysk lesmateriaal oanbean krije.

It fergees oanbieden fan it lesmateriaal is mooglik troch it oanpassen fan de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF). Earder waard dit jild fan it Ryk fia de provinsje ferdield ûnder de skoalbestjoeren foar de oanskaf fan Frysk lesmateriaal. Yn oerlis mei it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de skoalbestjoeren sil de provinsje it jild brûke om de lisinsje- en oanskafkosten ôf te keapjen. Dêrtroch sil de regeldruk by de skoallen ôfnimme. De skoallen krije begelieding by it ynsetten fan it materiaal sadat it oanslút by de winsken en ambysjes fan de skoalle.

Lesmateriaal

Yn it primêr ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije fergees tagong ta de digitale lesmetoade Searje 36 en ûntfange it tydskrift LinKk. It fergees oanbieden fan it lesmateriaal draacht by oan de doelstelling fan Taalplan Frysk 2030. Sa kinne de skoallen alle kearndoelen oanbiede foar it fak Fryske taal en kultuer.

Oanmelde

Jo kinne je as skoalle oanmelden foar it fergees lesmateriaal fia www.taalplan.frl/oanmelde.

Skoalle dy’t al gebrûk meitsje fan it lesmateriaal hoege harren net noch in kear oan te melden. Sy krije fan takom skoaljier ôf gjin faktuer mear foar it lesmateriaal.

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter bliuwt beskikber foar skoallen om nei eigen kar oar lesmateriaal oan te skaffen. Mei dizze subsydzje kin in skoalle ek subsydzje oanfreegje foar oplieding en neiskoalling fan dosinten, ekstra ynset fan personiel foar it (fak) Frysk of foar kulturele aktiviteiten.

Mear ynformaasje oer it projekt Taalplan Frysk 2030 is te finen fia: www.taalplan.frl

Ofhanneling MYF skoaljier 2021 - 2022

Foar de ôfhanneling fan de MYF foar it skoaljier 2021 – 2022 moatte jo foar 1 septimber 2022 sels in skriftlike melding dwaan op provincie@fryslan.frl dat jo it ferliende subsydzjebedrach foar de oanskaf fan lesmateriaal foar it fak Frysk brûkt hawwe. Dizze melding is foar it skoaljier 2022 – 2023 net mear nedich.

Hawwe jo noch fragen?

Foar fragen oer de MYF kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia it telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail: provincie@fryslan.frl.