Frysk foar no en letter 2026
Alle berne-opfanglokaasjes en skoallen yn Fryslân kinne yn 2026 wer subsydzje oanfreegje om de posysje fan de Fryske taal en kultuer te fersterkjen. De subsydzjeregeling is op meardere ûnderdielen wizige, lês de subsydzjeregeling dêrom goed troch.
De regeling wurdt iepensteld fan 22 april oant en mei 30 septimber. In berne-opfanglokaasje en skoalle kin de kategory ien kear in oanfraach dwaan yn dizze perioade. In berne-opfanglokaasje en skoalle kin wol foar meardere kategoryen oanfreegje.
It maksimale subsydzjeplafond ferskilt foar alle kategoryen en is op de neikommende wize ferdield:
De kategory:
- Oanskaf Frysktalich les- of lêsmateriaal € 200.000,-
- Aktiviteit kultuer- of erfgoededukaasje € 200.000,-
- Oplieding of kursus Fryske taal en kultuer € 50.000,-
- Meartalich ûnderwiis oanbiede: Taalryk € 100.000,-
- It ûntwikkeljen en yn wurking stellen plan Fryske taal en kultuer € 450.000 –
Wêr kin ik subsydzje foar oanfreegje?
1. It oanskaffen fan Frysktalich les- of lêsmateriaal
Goed les- en lêsmateriaal is wichtich foar it oanbieden fan goed ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Ek materiaal foar it oanbieden fan meartalich ûnderwiis (ynkl. de Fryske taal en kultuer) komt yn oanmerking foar subsydzje. De kosten foar it yn 2026 al oanskafte les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal wurde folslein subsidiearre oant in maksimumbedrach fan € 2.000,-.
2. Aktiviteit kultuer- of erfgoededukaasje
Berne-opfanglokaasjes en skoallen kinne subsydzje oanfreegje foar it meidwaan litten fan learlingen oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer yn Fryslân. It subsydzje kin oanfrege wurde foar in kulturele aktiviteit yn groepsferbân yn of bûten de berne-opfanglokaasje of skoalle. Under dizze aktiviteit falt ûnder oare in besite oan it teäter of museum, mar tink ek oan bygelyks film, muzyk of literatuer. Aktiviteiten op it mêd fan erfgoed, histoarje, sport of natuer binne ek mooglik as der in dúdlike ferbining mei de Fryske taal en kultuer is. It subsydzje bedraacht € 15,- de learling, dat is ynklusyf eventuele reiskosten, mei in maksimumbedrach fan € 3.750,- de oanfraach.
3. Oplieding of kursus Fryske taal en kultuer
Troch it folgjen fan in kursus of oplieding kinne leararen, ûnderwiisassistinten en pedagogysk meiwurkers de eigen kennis oer it Frysk en/of meartalige didaktyk fergrutsje. Dêrmei fersterkje se ek de posysje fan de Fryske taal en kultuer op de eigen skoalle/lokaasje. Der kin ûnder oare subsydzje oanfrege wurde foar it folgjen fan in kursus Frysk en it heljen fan it foech Frysk foar it basisûnderwiis, it fuortset ûnderwiis of it middelber beropsûnderwiis, mar bygelyks ek foar it bywenjen fan in kongres. De berne-opfanglokaasje of skoalle kin foar meardere wurknimmers subsydzje oanfrege wurde. De kosten foar in oplieding of neiskoalling wurde folslein subsidiearre oant in maksimumbedrach fan € 5.000,-.
4. Oanbieden meartalich ûnderwiis: Taalryk
Taalryk ferwiist nei meartalich fuortset ûnderwiis. Skoallen dy't lid binne fan it Taalryk-netwurk sette harren aktyf yn foar meartaligens binnen sawol harren ûnderwiis as harren organisaasje. Dat hâldt yn dat net allinne fakken as Nederlânsk, Frysk en Ingelsk oanbean wurde, mar ek dat oare fakken, lykas bygelyks ierdrykskunde of ekonomy, yn it Ingelsk of Frysk jûn wurde. Taalryk-skoallen kinne subsydzje oanfreegje foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it Taalryk-konsept.
5. Untwikkeljen en yn wurking stellen plan Fryske taal en kultuer
Ekstra omtinken foar de Fryske taal en kultuer freget ek ekstra ynset fan meiwurkers, learkrêften en dosinten. Dêrom jout de regeling ek romte foar it ûntwikkeljen en yn wurking stellen fan in plan foar it fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar in meiwurker dy't wurket oan ekstra aktiviteiten foar de Fryske taal en kultuer. Dêrby falt te tinken oan it ûntwikkeljen fan in skoaleigen kurrikulum rjochte op it yn wurking stellen fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026, it realisearjen fan Fryske taal en kultuer as eksamenfak, it yntegrearjen fan Frysk en meartaligens yn in oplieding, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal of it oanstellen fan in boppeskoalske koördinator foar it skriuwen fan plannen en it oanstjoeren fan skoallen wat derta liedt dat de Fryske taal en kultuer binnen in skoalbestjoer fersterke wurdt. Ek it tawurkjen nei meartalich ûnderwiis neffens 3TS of Taalryk kin dêrûnder falle. In betingst is dat de aktiviteit foar in strukturele ferankering fan it Frysk soargje moat.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op de webside.
Hoe kin ik subsydze oanfreegje?
Salang’t de subsydzjeregeling iepen stiet kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje.
Dêr logge jo yn mei DigiD of E-werkenning (foar stichtingen en ferieningen). Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle taheakken kinne jo online taheakje. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Neidat jo mei DigiD of E-werkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiidsk opslaan en letter (binnen 5 dagen) op ‘e nij iepenje.
Jo kinne jo oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop. Tink derom, dat is neat earder as fan de iepenstellingsdatum ôf beskikber.
Oanfraachformulier Kultuer- of erfgoededukaasje
Oanfraachormulier Oplieding of kursus
Oanfraachformulier Untwikkeljen en yn it wurk setten plan Fryske taal en kultuer
Help nedich?
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt mei it Klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl of folje ûndersteand kontaktformulier yn.