Lourens Oldersma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
Yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert is hjoed - freed 24 april - Lourens Oldersma troch kommissaris fan de Kening Arno Brok beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Oldersma krijt de ûnderskieding foar syn útsûnderlike en langduorjende ynset foar it keunst - en kultuerhistoarysk erfguod yn Fryslân.
Yn meardere desennia hat Oldersma in kaairol ferfolle yn it Fryske kulturele fjild. Under oare by it Ryksargyf Fryslân en Tresoar hat er him ynset foar it behearen, oarderjen en tagonklik meitsjen fan weardefolle histoaryske ynformaasje. As adjunkt-direkteur by Tresoar groeide er út ta in ferbinende krêft binnen en bûten de organisaasje. Hy wie ien fan de driuwende krêften efter de tastânkomming fan Kolleksjesintrum Fryslân, wêryn't kolleksjes fan fiif musea en ynstellingen bijelkoar brocht binne. Dit projekt ûnderstreket syn fyzje op gearwurking en duorsum erfguodbehear.
Arno Brok: “Mei syn bestjoerlike kwaliteiten, ynhâldlike kennis en ferbinend fermogen hat er it Fryske erfguod tagonklik makke foar in breed publyk en feilichsteld foar takomstige generaasjes. Boppenal is Oldersma in noflik minsk. In oprjochte Fryske gentleman dy’t ûndertusken eins sels ek heart ta it Fryske kutuerele erfguod.”

Ek bûten syn profesjonele karriêre hat Oldersma him ynset foar it behâld en de ûntwikkeling fan kultureel erfgoed yn Fryslân. As frijwilliger en bestjoerder by ferskate stichtingen, wêrûnder de Stichting dr. Popta Gasthûs, de Boelstra-Olivier Stichting en de Ottema-Kingma Stichting, hat er bydroegen oan sawol histoarysk ûndersyk as maatskiplike stipe. Hy skreau tal fan publikaasjes. Mei syn bestjoerlike kwaliteiten, ynhâldlike kennis en ferbinend fermogen hat er it Fryske erfgoed tagonklik makke foar in breed publyk en feilichsteld foar takomstige generaasjes.