It projektgebiet fan gebietsynrjochting Keningsdjip leit yn ‘e omkriten fan de beek Alddjip. Dizze beek is yn de omjouwing ek wol bekend as Keningsdjip, Boarn of Koningsdiep. Yn de sechstiger jierren is de rin fan de beek oanpast en it gebiet om it Alddjip hinne hielendal foar agrarysk gebrûk geskikt makke.

Yn dit projekt kriget it wetter yn it Alddjip en yn de omlizzende natuergebieten wer mear de romte. Sa wurkje wy oan bioferskaat en meitsje wy de beekdelling klimaatbestindiger.

De 4e útfieringsmodule Keningsdjip is ein ferline jier troch wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân fêststeld. Dêrmei is it budzjet foar de útfiering beskikber steld. De planûnderdielen út dizze 4e útfieringsmodule Keningsdjip wurde dit jier fierder útwurke en oanbestege. De útfiering set dizze hjerst útein en wurdt takom jier ôfrûne. Mear ynformaasje oer de foarstelde ynrjochtingsmaatregels fine jo ek yn dizze nijsbrief.

Fierderop yn de tekst stiet ynformaasje oer de útfieringsmodules dy’t al klear binne. Dêrnei kinne jo mear lêze oer de Regio Deal Zuidoost Friesland. In tal maatregels binne mei ta stân kommen troch dy Regio Deal. Ta beslút hawwe wy foar jo op in rychje set wat de gebietskommisje docht en wa’t de leden fan de kommisje binne.

Grut ûnderhâld fytspaden tusken Wynjewâld en Bakkefean

Fan ein oktober 2023 oant maitiid 2024 fiert Strukton Wegen & Beton grut ûnderhâld út oan de fytspaden yn it Oude Bosch en op lângoed De Slotplaats, tusken Wynjewâld en Bakkefean. De asfaltferhurding fan in part fan de besteande fytspaden yn de bosk wurdt ferfongen troch in ' betonverharding '. Hjirfoar wurde de fytspaden soms ôfsletten. Fytsers, kuierders en ruters wurde omlaat mei buorden.

Drie afbeeldingen van het nieuwe fietspad waar ook nog aan gewerkt wordt door personen in oranje hesjes.

Planning

Ein oktober 2023 sette útfierder Strukton útein, yn opdracht fan de provinsje Fryslân, mei it grut ûnderhâld fan de rekreative fytspaden tusken Bakkefean en Wynjewâld. Troch de wiete hjerst moasten de wurksumheden tydlik staakt wurde.

Yn jannewaris 2024 binne op ferskate plakken ôffieren makke, sadat it wetter flugger ôffierd wurde kin nei leger lizzende dielen bûten de bosk.

Yn wike 5 is it ûnderhâldswurk wer oppakt. Der is yntusken sa'n 1,5 km asfalt fuorthelle en ôffierd. Sa 'n 750 meter fan dit stik, fan de pleats oan De Finne ôf, is foarsjoen fan in nije betonlaach.

Der wurdt nei stribbe om de dielen fan it fytspaad dêr't noch gjin beton oanbrocht is en de stikken dêr't de ôfrûne wike asfalt fuorthelle is, foar de start fan it briedseizoen klear te hawwen.

Under de wurksumheden binne de fytspaden net tagonklik foar publyk. Op ferskate plakken binne ferbodsbuorden pleatst.

By de Stripe is in depot ynrjochte foar materialen. Dêrfoar binne rydplaten lein, wêrtroch 't dy wei yn de hiele perioade net tagonklik is foar fytsers, kuierders en ruters.

Overzichtkaartje waar de afsluiting is

Gearwurking foar realisaasje

Doarpsbelangen Wynjewâld en Bakkefean binne al wat jierren mei de gemeente Opsterlân yn petear oer it efterstallich ûnderhâld fan de rekreative fytspaden tusken beide doarpen. De eigeners fan dizze fytspaden, Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten, hawwe net genôch middels om dizze fytspaden goed te ûnderhâlden. Dêrom is fanút de gebietsûntwikkeling Koningsdiep in oanfraach by de Regiodeal Zuidoost Fryslân yntsjinne. De bydrage út dizze regiodeal hat de boppeneamde partijen yn beweging brocht. Njonken Steatsboskbehear, Natuurmonumenten en gemeente Opsterlân draacht ek stichting Vlooienmarkt Bakkefean by oan de realisaasje fan it nije fytspaad. Dêrby is ôfpraat dat de provinsje Fryslân fanút de gebietsûntwikkeling Alddjip opdrachtjouwer is foar de oanpak fan dizze rekreative fytspaden.

 ( Foto’s: Martijn van der Vaart / Bakkefean.nl )

Streekinisjatyf Opsterlân-East

Yn Opsterlân hawwe acht boeren it Streekinitiatyf Opsterlân-East (SIOO) oprjochte. Dizze boeren sette harren yn foar in takomstbestindige lânbou yn harren gebiet. Se bringe it takomstperspektyf fan de agrariërs yn Opsterlân-East yn byld op it mêd fan stikstof, derogaasje en it nije FPLG (Frysk Programma Lanlik Gebiet ). Fierder wurde de ûnderfinings, ferwachtingen en winsken op it mêd fan bioferskaat, natuerynklusive lânbou, enerzjytransysje, ferdrûging, NNNNopjefte (Natuurnetwerk Nederland) en KRW (Kaderrichtlijn Water) ûndersocht. Wat betsjutte dy opjeften foar it gebiet út agrarysk perspektyf wei?  Mear ynformaasje is te lêzen yn 'e nijsbrief(eksterne keppeling). De gebietskommisje Koningsdiep biedt stipe by de finansiering mar it SIOO wurket ynhâldlik hiel ûnôfhinklik.

Ramtplan Lânynrjochting Keningsdjip

  • Yn 2004 is der in gebietsfisy opsteld foar it gebiet yn ‘e omkriten fan it Alddjip. Yn it Ramtplan Lânynrjochting Keningsdjip is dat yn 2007 útwurke ta in plan dêr’t doelstellingen, maatregels, in globaal einbyld, de wize fan it winnen fan grûn en in begrutting yn steane. De twa grutste opjeften yn dat plan binne de realisaasje fan 500 bunder natuer foar Natuurnetwerk Nederland (foarhinne ek wol bekend as Ekologyske Haadstruktuer) en it beekdellingwerstel fan it Alddjip.
Fuortgong gebietsynrjochting Keningsdjip (klik op 'e kaart om te fergrutsjen of laad it del ûnderoan dizze side)

Yn it projektgebiet fan gebietsynrjochting Keningsdjip lizze de Bakkeveense Duinen, Wijnjeterper Schar en Van Oordt’s Mersken. Dy gebieten binne ûnderdiel fan in netwurk fan Europeeske topnatuer: Natura2000.

Boppe- en middenrin Alddjip

Yn de omkriten fan de boppe- en middenrin fan de beek Alddjip (Koningsdiep) komt 350 bunder nije natuer foar Natuurnetwerk Nederland. It wetter yn de beek kriget dêrby mear romte (sjoch de oranje kleur op it kaartsje hjirboppe – yn tarieding).

De provinsje Fryslân set útein mei de tarieding foar it meitsjen fan in ynrjochtingsplan mei partners yn it gebiet. Troch de grutte omfang en de lokaasje fan it projekt is der in miljeu-effektrapportaazje nedich, wêryn’t de earste stap it meitsjen fan de Notitie Reikwijdte en Detailniveau (NRD) is. Yn dat dokumint steane de doelen foar de beekdelling, de bânbreedte wêrbinnen ynrjochtingsfoarstellen bliuwe moatte en de wetten en regels wêr’t it projekt oan foldwaan moat.

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de NRD fan 15 febrewaris o/m 28 maart op besjen lein. Yn dy perioade koene jo jo sjenswize yntsjinje.

Alle sjenswizen binne anonym opnommen yn de reaksjenota op ‘e NRD. Ek is hjiryn it advys fan de kommisje m.e.r. en de gebietskommisje werom te lêzen. Yn dizze reaksjenota wurdt beskreaun hoe’t wy alle advizen en suggestjes út de streek fierder yn de planfoarming ferwurkje sille. De NRD mei dizze byhearrende reaksjenota is op 29 juny 2021 troch Deputearre Steaten fêststeld. Foar de miljeu-effektrapportaazje is ekstra ûndersyk nedich. Ofstimming, oerlis en útfiering sille mear tiid kostje as earder oanjûn is. Wy ferwachtsje no it ûntwerp-ynrjochtingsplan en de miljeu-effektrapportaazje begjin 2024 presintearje te kinnen.

Jo kinne hjir de reaksjenota dellade

Hawwe jo fragen nei oanlieding fan de NRD? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.

Fierder wurkje wy op dit stuit oan:

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de ûntjouwingen binnen gebietsynrjochting Keningsdjip? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.

Oanmelde digitale nijsbrief

Mjitte is witte

Sûnt septimber 2019 leit der in mjitnetwurk om grûnwetterpeilen yn de beekdelling te mjitten. Dy leit tusken Bakkefean en de Poasen. Mei de mjitgegevens kinne wy in goede nulmjitting dwaan. Dat helpt by it meitsjen fan ynrjochtingsplannen en sa kinne wy yn de gaten hâlde wat de effekten fan de maatregels binne. 

Laad hjir it rapport oer it mjitnetwurk del

Watermeetpunt in het beekdal van het Alddjip

Wettermjitpunt yn de beekdelling fan it Alddjip

Oude Bosch, Slotplaats en Hemrikkerscharren-Zuid binne ynrjochte

Yn de twadde útfieringsmodule binne de gebieten Oude Bosch, Slotplaats en Hemrikkerscharren-Zuid ynrjochte. It ynrjochtingswurk yn Hemrikkerscharren-Zuid is yn 2018 útfierd en de ynrjochting fan it perseel by de Slotpleats en de maatregels by Oude Bosch wienen yn 2020 klear. By Oude Bosch wurde noch in tal ôfslutende wurksumheden útfierd.

De poel bij oude bosch omzoomd door bomen en een reflectie van de wolken in het water
Poel by Oude Bosch

Natuergrûn eastlik fan de Hemrikkerscharren ynrjochte

Yn de tredde útfieringsmodule is likernôch 37 bunder natuergrûn by it Alddjip ynrjochte. Dy grûn leit eastlik fan de Hemrikkerscharren tichteby de Poasbrêge en Heidehuzen. It plan makken wy in nauwe gearwurking mei trije partikuliere grûneigeners en Staatsbosbeheer. Op 1 oktober 2020 is mei in feestlike ôfsluting de ynrjochting fan de perselen oan de eigeners oerdroegen. 

Logo waar Regio Deal Zuidoost Friesland op staat en een groene en een rode hand die klappen

Regio Deal Zuidoost Friesland

Yn july 2020 is de Regio Deal Zuidoost Friesland sletten wêrby’t ryk en regio mei-inoar 30 miljoen euro yn de regio ynvestearje. Projekten dy’t mei troch de Regio Deal ta stân komme jouwe in stevige ympuls oan Súdeast Fryslân. Sa bliuwt Súdeast Fryslân in noflik plak om te libjen, te wurkjen, te moetsjen en te besykjen, no en yn de takomst.

Yn de gebietsûntwikkeling Keningsdjip wurdt 500 ha nije natuer (Natuurnetwerk Nederland) yn de omkriten fan de beek Alddjip (Keningsdjip) realisearre wêrby’t it wetter fan de beek mear romte kriget. Dat liedt ta mear bioferskaat en in klimaatbestindige beekdelling. De rekreative rûtestruktuer wurdt ferbettere en der wurdt in bydrage levere oan de ûntwikkeling fan natuerynklusive lânbou.

Yn de Regiodeal Zuidoost Friesland wurde de neikommende fjouwer planûnderdielen troch it gebietsûntwikkelingsprojekt Keningsdjip yn de kommende jierren útfierd:

  1. Ynrjochting om en de by 17 hektare natuer tichteby it Oude Bosch
    Tichteby it Oude Bosch binne in stikmannich puollen, beamwâlen en in kuierpaad oanlein. Dêrnjonken is pleatslik nuddelbosk en boppegrûn fuort helle om heidegroei te stimulearjen. Dy wurksumheden binne yn 2020 útfierd.
  2. Oanlizzen faunapassaazje Bakkefeanster Feart
    Troch de faunapassaazje wurde de takomstige natuergebieten yn ‘e beekdelling oan beide kanten fan de Bakkefeanster Feart mei elkoar ferbûn. Der komme sawol drûge as wiete passaazjes, dêr’t sûchdieren, amfibyen, reptilen en fisken baat by hawwe. De útfiering is yn 2024/2025.
  3. Ferbettering rekreatyf fytspaad netwurk yn en om ‘e beekdelling
    Mei it each op beekdellingwerstel wurdt it hjoeddeistige fytspaadnetwurk goed besjoen. Ek wurdt sjoen oft de hjoeddeistige trasees fan de fytspaden takomstbestindich binne. Utfiering is yn 2023/2024.
  4. Untjouwing proef pilot natuerynklusive lânbou yn ‘e beekdelling
    Undersocht wurdt oft yn de beekdelling mooglikheden binne foar in fierdere ynfolling fan natuerynklusive lânbou troch in sêftere oergong fan en mear ferfrisseling tusken natuer en lânbou te realisearjen. Utfiering: 2021/2023.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Regio Deal Zuidoost Friesland www.regiodealzuidoostfriesland.nl

Gebietskommisje

Yn opdracht fan de provinsje Fryslân advisearret de gebietskommisje Keningsdjip oer de ynrjochting fan it gebiet en de útfiering. Yn de kommisje sitte fertsjintwurdigers út de omkriten op it mêd fan lânbou, natuer, wetter en rekreaasje.

De gebietskommisje komt meardere kearen yn it jier by inoar. Yn ûndersteand oersjoch kinne jo fine op hokker datums dat is yn 2024. De agindapunten wurde foar elk oerlis dield op dizze side. Mochten jo fragen hawwe of punten meijaan wolle, dan kinne jo ien fan de kommisjeleden benaderje. De kontaktgegevens fine jo ûnderoan de side.

Fergaderdata 2024:

Kontakt

Hawwe jo fragen oer de gebietsûntwikkeling Keningsdjip? Dan kinne jo it Klant Kontakt Sintrum telefoanysk berikke op nûmer 058 – 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl. Jo kinne ek streekrjocht kontakt opnimme mei ien fan de kommisjeleden:
 

  • Tineke Jagersma (foarsitter): 06-21803887
  • Dennis Benedictus (natuer/miljeu): 06-12892087
  • Agaath Arends (natuer/miljeu): 0516-541272
  • Tjalling Nijboer (lânbou): 06-57580200
  • Kees-Jan Dijk (lânbou): 06-29324319
  • Jan Willem Russchen (rekreaasje): 06-50688483
  • Yep Zeinstra (provinsje Fryslân, projektlieder/sekretaris): 058-2925451
  • Maarten Jan Bijl (Wetterskip Fryslân, adviseur): 06-23228409
  • Marieke Tiekink (gemeente Opsterlân, adviseur): 0512-386222