In wurkbesite oan It Amelân: hoe't de provinsje wurket oan minder stikstof
Op in reinige simmermoarn stappe sa'n tweintich kollega's fan team Groene Regelgeving fan de provinsje Fryslân oan board fan de fearboat nei It Amelân. Yn de groep sitte juristen, ekologen, fergunningferlieners en beliedsmeiwurkers. Se binne ûnderweis nei in wurkbesite yn de dunen. Gabriël Vriens, senior meiwurker, nimt syn kollega's mei om harren mei eigen eagen sjen te litten hoe't de dúnnatuer wurket, hokker ynfloed stikstof dêr hat en hokker maatregels al helpe om de natuer te ferbetterjen. Ik gie yn petear mei Gabriël en syn kollega Haiko de Jong oer stikstof en harren wurkbesite.
In ûnsichtber probleem mei grutte gefolgen
Gabriël leit út dat tefolle stikstof in grut probleem foarmet foar de natuer. It makket de boaiem riker en soerder. Planten dy't krekt op earme grûn thúshearre, lykas heide en dúnfioeltsjes, ferdwine dan. Op dy plakken komme bygelyks gerzen, brânnettels en toarnbeien werom. Sa feroaret de natuer stadichoan yn in gebiet mei folle minder soarten. Ek bisten fernimme de gefolgen. Gabriël fertelt oer de Veluwe dêr't jonge blokfinken soms hast net út harren nêstkastke komme omdat ynsekten dy't se ite te min kalk hawwe troch de soere grûn. “Dat is écht fertrietlik,” seit er. "It lit sjen hoe slim oft de gefolgen fan stikstof wêze kinne. Gelokkich is it net oeral sa, mar sokke foarbylden binne der wol. En dat is net goed.”
Neffens Haiko makket foaral de kompleksiteit fan it dossier it wurk dreech. It stikstofprobleem is al tsientallen jierren bekend en rekket in soad groepen, fan natuerbehearders oant boeren en bouwers. “In soad regels en rjochterlike útspraken soargje derfoar dat der soms net folle kin,” leit er út. “Dat is lestich foar ús, mar foaral foar ûndernimmers dy’t gewoan foarút wolle. Dêrom tinke wy altyd graach mei oer wat wól kin. Mei-inoar sykje wy dan nei oplossingen dy't passe by de natuer én by de plannen fan minsken."
De rol fan de provinsje
De provinsje Fryslân wurket gear mei ûnder oare Steatsboskbehear, It Fryske Gea, gemeenten en boeren oan natuerferbettering. De provinsje finansieret it behear, sammelet data, hâldt fergunningen by en stelt plannen op om de útstjit fan stikstof te ferminderjen. Gabriël en Haiko wize der mei klam op dat it wichtich is om hieltyd te besjen hoe't natuerferbettering en minsklike aktiviteiten hân yn hân gean kinne.
De dunen yn: de praktyk efter de sifers
As de groep op It Amelân oankomt, stappe se op de fyts. Gabriël nimt syn kollega's mei it fjild yn om sjen te litten hokker effekten stikstof hat op de dunen en hoe't it natuerferbettering yn de praktyk oanpakt wurdt. "Op papier sjochst in soad sifers en berekkeningen", seit er. “Mar hjir yn it fjild sjochst earst wat it écht betsjut.”
Ien fan de foarbylden is in 'kerf' yn de earste dunerige. Troch dizze iepening kin kalkryk sân it gebiet ynwaaie en sa de fersoering fan de grûn tsjingean. Planten lykas it dúnfioeltsje krije sa wer de kâns om te bloeien. Gabriël, dy't al tweintich jier oan projekten op de Waadeilannen wurket, leit syn kollega's út hoe't it proses bydraacht oan de ferbettering fan de natuerlike balâns yn de dunen.

Haiko is ûnder de yndruk fan it ferskil tusken kaarten fan tsien jier lyn en de hjoeddeistige situaasje. “Je sjogge hoe't de seestreamen sân nei de eastkant fan it eilân bringe en hoe't dêr nije natuer ûntstiet,” seit er. “It eilân feroaret konstant: de westkant slyt ôf, de eastkant groeit wer oan. Dat is bysûnder om te sjen.”
Letter dy dei hâldt de groep stil by it fytspaad by Ballum. Dat paad lei eartiids deun tsjin de dunen oan en stie faak ûnder wetter. It is dêrom ferlein en ferfongen troch in betonpaad dat fierder it lân yn leit. Dêrtroch kin it sân wer frij stowe, wat goed is foar de natuer, sûnder dat fytsers der lêst fan hawwe. Yn it gebiet rinne kij dy't helpe om de dunen iepen te hâlden. "It is in prachtige kombinaasje fan feiligens, behear en natuerferbettering," fertelt Haiko.
Wat de besite opsmiten hat
Oan de ein fan de dei sitte de kollega’s byinoar foar in koarte evaluaasje. It sjen fan de praktyk soarget foar mear kennis en begryp sadat der yn it provinsjehûs bettere ôfwagings makke wurde kinne. "Je snappe pas echt wêrom't guon maatregels nedich binne as je hjir omrinne," seit Gabriël. Ek de gearwurking yn it team wurdt fersterke. "Je leare inoar goed kennen en je begripe better wêr't elkenien mei dwaande is. Tige weardefol,” follet Haiko oan.
Foarútsjen: wat is der nedich foar It Amelân?
Op It Amelân is al in soad berikt: de stikstofdruk is dêr leger as yn oare parten fan Nederlân en der binne al in soad ferbettermaatregels útfierd. Dochs leit der noch stikstof yn de grûn dy't opromme wurde moat. Dat betsjut dat der yn de kommende jierren noch in soad behear nedich is, lykas meane, plagje en beweidzje litte. Ek bliuwt it wichtich om de útstjit fan stikstof fierder werom te bringen.
Gearwurkje oan in sûne takomst
Ynwenners en ûndernimmers fernimme somtiden net folle fan wat der efter de skermen bart, mar de provinsje hat in soad ynfloed. Se oerleit mei natuerbehearders, tinkt mei gemeenten mei oer bouplannen en stipet boeren by feroarings of útwreidings. "It draait om gearwurking," seit Haiko. " We wolle dat de natuer ferbetteret én dat der romte bliuwt foar plannen fan minsken.” Gabriël sjocht grutsk werom op de ôfrûne jierren: “Der is op de eilannen al in soad berikt en it is goed dat der noch ekstra middels komme foar noch mear natuerferbettering.” Beide kollega’s binne tefreden oer de wurkbesite.
“It is weardefol om yn it gebiet te stean en te sjen wat der spilet,” seit Gabriël. “It jout fertrouwen yn de stappen dy’t wy sette.” Haiko follet oan: “Sa’n besite makket dúdlik wêr’t wy it foar dogge: foar de eilannen, foar de natuer én foar Fryslân.”
