Iepen Mienskipsfûns 2024-2027 – Oparbeidzje mei de frijwilliger
Subsydzje foar projekten dy't in positive bydrage leverje oan de leefberens yn de provinsje Fryslân.
Let op: subsydzje oanfreegje by it Iepen Mienskipsfûns is wer mooglik fan:
- Moandei 16 maart 2026 om 9.00 oere oant en mei tongersdei 9 april 2026 17.00 oere
- Moandei 14 septimber om 9.00 oere oant en mei tongersdei 8 oktober 2026 17.00 oere
De provinsje Fryslân stelt fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn de perioade 2020 -2027 in bedrach fan 15 miljoen euro beskikber foar projekten dy't bydrage oan de leefberens yn Fryslân. It fûns is ûnderferdield yn twa kategoryen: Lytse projekten (IMF Lyts) en Grutte projekten (IMF Grut), wêrmei't projekten fan ferskate skaal en ympakt stipe wurde kinne.
It IMF wurdt twa kear yn it jier iepensteld foar oanfragen: yn de maitiid en yn it neijier. Dit biedt stichtingen, ferieningen, koöperaasjes sûnder winsteachmerk, tsjerkegenoatskippen en groepen fan fiif persoanen de mooglikheid om subsydzje oan te freegjen foar harren projekten.