“Idealime waard werklikheid: ‘Ik hoegde net hieltyd mear te preekjen’”

“Do kinst mei in pear lytse maatregels faak al ûnbidich folle berikke”

Dick Tolsma wurket al tolve jier as adviseur enerzjybesparring, mar kaam troch it KlimOp-programma yn ’e kunde mei gebouwen dy’t er noch noait earder besocht hie. Benammen wiis is er mei de ferdûrzaaming fan tsjerken.

Kinst koart útlizze hoe’t in “trochsneed” ferdûrzaamtrajekt derút sjocht?

“Trochsneed is eins in wat frjemd wurd hjir, want in ferdûrzaamtrajekt ferrint hast altyd fia deselde stappen, oft it no in doarpshûs of in tsjerke is. It begjint mei in ynterview op lokaasje, wêr’tst mei de minsken praatst en se fertelle litst oer wat se dêr dogge, hoefolle tiid se dêr trochbringe en wat har winsken binne. Dêrnei folget in opname fan it gebou, dêrnei it gearstallen fan it advys en it útlizzen dêrfan oan de klant. Dêrnei geane sy sels oan ’e slach om de goede fakminsken te finen foar de útfiering. Soms help ik noch mei it oanfreegjen of beoardieljen fan offertes.”

Wat wurdt bedoeld mei in opname?

“Dat ferskilt per gebou, mar koartsein brek ik it hiele gebou yn myn gedachten ôf en bou ik it dêrnei wer op, mei de ekstra maatregels dy’t it ferdûrje. Ik neam dat ôfbrekken ek wol ôfskyljen, omdat ik it hiele gebou trochrinnen op mooglike ferbetteringen. Hokker glês sit der yn, hoe’t de gevel derút sjocht, hokker ferljochting der brûkt wurdt, hoe’t der fentilearre wurdt, ensfh. As ik it gebou digitaal yn kaart brocht ha, kin ik yn de software oan de knoppen draaie om te sjen wat de effektive ferbetteringen binne. Wat bart der as ik in hybride waarmtepomp tafoegje? Of as ik sinnepanielen ynfiere?”

Kinst foarbylden jaan fan trajekten dy’tst útfiere hast?

“In prachtich foarbyld is it doarpshûs yn Biurdaard. Birdaard is mar in lyts doarp, mar it doarpshûs is enoarm, mei ferhierkeamers, in swimkûl en in teater. It is hiel goed boud, dêr wie net folle mis mei, mar de enerzjyfoarsjenning kloppe net: by de bou wie rekken hâlden mei oansluting op in waarmtenet, mar dat kaam net fan ’e grûn. Dêrtroch moast it gebou dochs mei gas ferwaarme wurde en sieten se mei in gigantysk ferbrûk. Ik haw doe in plan makke om dat allegear te ferfangen troch waarmtepompen en it totaal energieneutraal te meitsjen. Fierder haw ik fia KlimOp in soad soarchynstellingen fan advys foarsjoen, lykas fysiopraktijken en toskedokters, mar ek tsjerken – ien fan de moaiste projekten om te dwaan.

In soad minsken tinke dat ferdûrzaaming hiel yngewikkeld is, mar yn werklikheid kinst mei in pear ienfâldige maatregels al in protte berikke. Foaral by monumintale panden moatst better om guon beheiningen hinne wurkje, mar foar elk gebou is wol in oplossing.”

Wat foel dy op ûnder it projekt?

“Dat de measte minsken sels al in bytsje mei enerzjybesparring dwaande binne – faaks troch de hege enerzjyprizen fan in pear jier lyn. En dat de wil om mei te wurkjen oan ferdûrzaamjen dêrtroch in stik grutter wurden is. Ik ha echt meimakke dat doarpshûzen jûns net mear iepen koene, om’t de enerzjyrekken oars út de bocht fleane soe. Op dat punt realisearje minsken har wol hoe wichtich it is om it roer om te goaien. Ik bin tolve jier lyn mei idealisme oan dit fak begûn, mar ik hoegde ynienen net mear te preekjen. Ik hoopje fansels dat, no’t de prizen wer sakke binne, dy wil om troch te pakken bliuwe sil.”

Wat binne faak foarkommende útdagings by it ferdûrzaamjen?

“De wichtichste útdaging is dat it soms hiel dreech is om fan gas nei elektrisiteit oer te stappen, om’t gebouwen faak in swierdere oansluting op it elektrisiteitsnet nedich hawwe. Mar dat kin net altyd, om’t it hjoeddeiske net oerbelêste is. Dan komst by de ferdûrzaaming net fierder as it oanpakken fan wat ik de ‘skil’ fan it gebou neam: de isolaasje en it glês. Yn sokke gefallen kinst allinnich oer op in hybride waarmtepomp, om’t in folslein elektryske ferwaarming net mooglik is.”

Hoe fynst it KlimOp-programma? Wat gie goed, en wat koe better?

“Ik fûn it prachtich dat it programma der wie. Ik haw der fansels in soad wurk oan hân, mar benammen de koarte lieningen mei de provinsje wurken hiel goed. Ek waard myn winsk om tsjerken mei te nimmen yn it programma honorearre. Ik haw mei in protte soarten gebouwen wurke dy’t ik noch noait earder dien hie; der kaam in soad nijs op my ôf. Wat better kinnen hie, wie dat wy oan it begjin hiel útwreide advizen skriuwe moasten – dat koste in soad jild dat miskien better brûkt wurde kinnen hie om it projekt langer rinne te litten. Letter binne wy effisjinter wurkje gien.”

Hast noch in boadskip foar de polityk?

“Ik hoopje dat de polityk ek yn ’e takomst bliuwt ynvestearjen yn ferdûrzaaming – sawol yn it advysdiel, lykas no by KlimOp, as yn de útfiering, want in protte organisaasjes hawwe dêr net genôch jild foar. Ek soe it tûk wêze om te ûndersykjen oft der in fûns foar ferdûrzaaming opset wurde kin. Dêrmei soene organisaasjes en boargers jild liene kinne tsjin in leech rintetarief om te ferdûrzaamjen. Der is no wol in soad subsydzje beskikber, mar mei sa’n fûns krijt de oerheid it jild úteinlik ek werom.”