Gebietsûntwikkeling Beekdal Linde

Wermeandering fan de Lende klear! De beek krôlet wer as fanâlds

Provinsje Fryslân wurket gear mei Wetterskip Fryslân en alle gebietspartners oan de realisaasje fan it Natuernetwurk Nederlân en maatregels foar de Kaderrichtlijn Water yn it beekdal fan De Linde. Yn de ôfrûne jierren binne ferskate dielgebieten ynrjochte. Yn novimber 2024 wie de feestlike starthanneling fan it dielprojekt 'Hermeandering van De Lende'. Nei twa jier yntinsyf gearwurkjen is dit dielprojekt no klear. De beek hat tusken de Noardwolderfeart en de A32 har karakteristike kronkels weromkrigen en meanderet as fanâlds troch it lânskip.

Een beek met zijvertakking loopt door een groen weiland. Naast het water loopt een pad.

Sichtber yn it lânskip 

De wurksumheden dy’t wy dien hawwe binnen it dielprojekt ‘Hermeandering van De Lende’ binne goed te sjen yn it lânskip. Der is in soad feroare. Wa't hjoed-de-dei lâns De Lende kuieret of fytst, sjocht in beek dy't mear romte krigen hat om op natuerlike wize troch it lânskip te streamen. It liket miskien sels as hawwe de nije meanders der altyd al lein. 

Een klein groen eilandje in het midden van water met daar om heen bos en veel groen.
Kom del en ûntdek sels De Lende op sneon 3 oktober

Binne jo ek benijd nei hoe't it derút sjocht? Op sneontemoarn 3 oktober kinne jo it sels besjen. De gearwurkingspartijen nûgje jo graach út.

  • Tiid: 09.30 oere oant 12.00 oere.
  • Lokaasje: Scouting De Linde, Domeinenweg 8 yn Pepergea 

Wat is der te dwaan? 

  • Jo kinne de ynformaasjemerk besykje yn it skoutinggebou. 
  • Fytsekskurzje: Komme jo op 'e fyts, dan kinne jo by de beek del fytse. 
  • Kuierekskurzje: Jo kinne by de beek lâns kuierje. 

Underweis yn 'e fyts- en kuierekskurzje fertelle wy jo wêrom't it wurk dien is en litte jo sjen wat der feroare is.

Wat is der allegearre berikt ôfrûne twa jier 

It dielprojekt Hermeandering van De Lende sette yn novimber 2024 útein. De ôfrûne twa jier is der in soad feroare yn it gebiet. It projekt bestie benammen út it (wer)graven fan acht meanders (oarspronklike kronkels) mei natuerfreonlike wâlskanten en it graven fan in tal petgatten. Mar der is noch mear dien. 

Wat hawwe wy allegearre oanlein en ferbettere? En wêrom? 

  • Der binne acht meanders makke. De Lende wie eartiids in kronkeljende beek. Troch de âlde bochten (meanders) werom te bringen, liket it beekdal wer mear op hoe't it eartiids wie. Hjirtroch ûntsteane bettere libbensomstannichheden foar planten en bisten dy't yn en lâns de beek libje en dêr ôfhinklik fan binne. De meanders soargje der ek foar dat it wetter langer yn it gebiet bliuwt, wat goed is foar de natuer. 
  • Der binne trije petgatten oanlein. In petgat is in langwerpige wetterplasse dy't ûntstien is troch it ôfgraven fan fean foar it meitsjen fan turf. Nei it ôfgraven bleauwen der smelle, lange gatten yn it lânskip achter. Troch de jierren hinne follen dy him mei wetter en ûntwikkele him bysûndere natuer. In soad petgatten binne yn de rin fan de tiid tichtgroeid wêrtroch't harren wearde foar de natuer ôfnaam. Yn it gebiet binne der trije wer iepenmakke. 
  • Der binne twa fytsbrêgen pleatst en der is in kanosteger oanlein sadat rekreanten noch mear genietsje kinne fan de natuer lâns en op de beek. 
  • De Lendepolder is ûndjipper makke. Der is sa'n 40.000 m 3 grûn mei planteresten opgroeven út de beek. Dit materiaal is brûkt om parten fan de Lendepolder ûndjipper te meitsjen. Sa ûntstiet der ferskil yn drûgere en wietere dielen en kinne der mear ferskillende planten en bisten libje.
  • Foto 1: In meander (kronkel). 
  • Foto 2: In petgat. 
  • Foto 3: Pleatsing fan in fytsbrêge.

Wurkje yn besteand natuergebiet freget om soarchfâldich gearwurkjen 

De ôfrûning fan it dielprojekt Hermeandering fan De Lende is in wichtige mylpeal yn de gebietsûntwikkeling. Der lei in plan dêr't al mei in soad saken rekken hâlden wie. Mar de natuer en de praktyk binne soms wjerbarstich. Troch nau gear te wurkjen, kennis te dielen en mei grutte regelmaat it fjild yn te lûken, kamen de gearwurkingspartijen ta soms ynnovative oplossingen en is de put soarchfâldich klear en binne de resultaten dúdlik sichtber. 

Wurkje yn in besteand natuergebiet freget om in soarchfâldige wurkwize dy't de natuer sa min mooglik fersteurd. Dêrby moasten we rekken hâlde mei tolve beskerme bistesoarten, beheinde perioaden wêryn't wurke wurde koe en ferskate subsydzjejouwers mei elk harren eigen betingsten. 

Sa binne de wurksumheden útfierd ûnder begelieding fan in ekolooch en tegearre mei de terreineigener It Fryske Gea. De oannimmer, ekolooch en de terreinbehearder stimden wykliks ôf. Yn it briedseizoen binne der bygelyks allinnich wurksumheden dien dy't net fersteurend wurken op de fûgels en oare bisten. En ek it ôffieren fan de frijkommen grûn gie fia in buizestelsel, yn stee fan mei de boat of frachtwein oer lân. Dit hat it tal ferfiersbewegings yn it gebiet bot fermindere en derfoar soarge dat de fersteuring effekt hie op in lytser gebiet. It wie in kompleks projekt dat troch dizze gearwurking mei goed resultaat ôfrûne is.

Wêr dogge wy it ek alwer foar? 

Wy frisse jo ûnthâld graach efkes op. Provinsje Fryslân wurket gear mei Wetterskip Fryslân oan it ynrjochtsjen fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en it útfieren fan maatregels foar de kaderrjochtline wetter (KRW). Dit dogge wy tegearre mei de gebietspartners lykas It Fryske Gea en gemeente Weststellingwerf. Sûnt 2006 wurkje wy rûn De Lende oan it fersterkjen fan de beekdelling op it mêd fan natuer, wetter, lânbou en rekreaasje. It doel is de natuer bettere omstannichheden jaan om him te ûntwikkeljen en it wetter skjinner en sûner te hâlden, foar in takomstbestindich beekdal.

Herstellend fermogen fan de natuer 

Lange tiid like it gebiet krekt in soarte fan moannelânskip. Swarte bulten grûn bepaalden it byld. Dat makke it somtiden bêst dreech foar omwenners of rekreanten om harren yn te bylden dat it beeksysteem him yn de kommende jierren wer werstelt. Dochs is dat ús ûnderfining. Spoaren fan de útfiering ferdwine en de oarspronklike natuer nimt it wer oer. Har fearkrêft is no al dúdlik te sjen.

  • Foto 1: 'It moannelânskip'. 
  • Foto 2: De fearkrêft fan de natuer.

Wêr wurkje we de kommende tiid oan?

Yn 2025 is de 6e útfieringsmodule foar de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde fêststeld troch de provinsje en Wetterskip Fryslân. It plan bestiet út fiif dielprojekten. Nei it fêststellen binne wy fuortdaliks úteinset mei it útfieren fan trije dielprojekten. Der binne natuerfreonlike wâlskanten oanlein en trije meanders binne meistreamend makke. 

It útfieringsplan omfettet: 

  • 17 hektare nije natuer (NNN) 
  • Sa'n 700 meter meistreamende meanders (KRW) 
  • Trije ferbettere fiskpassaazjes (KRW)
Een sloot met modderige oevers in een weiland.
Net aangelegde natuurvriendelijke oever

De Lende: mear as allinnich gebietsûntwikkeling

Binnen de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde foarmet de beek De Lende letterlik en figuerlik de reade tried. Gebietsûntwikkeling giet oer mear as allinnich de ynrjochting fan it lânskip. It giet ek oer de minsken dy't der wenje, wurkje en opgroeie. De provinsje, it projektteam en de gebietskommisje Beekdal Linde sykje op allerhande wizen aktyf de ferbining mei de minsken yn de streek, fan jong oant âld. It idee ûntstie om de jeugd mei te nimmen op aventoer yn har eigen gebiet. Om harren it lânskip lêzen te learen en it gebiet better kennen te learen. Want watst ûntdekst, silst wurdearje. 

De provinsje hat kontakt socht mei de trije basisskoallen yn de streek: OBS De Klaeter yn De Hoeve, OBS De Striepe yn Aldeholtpea en Daltonbasisskoalle Fredericus yn Steggerda. Tegearre mei de skoallen en stichting De Veerkieker, dy't him dwaande hâldt mei erfguodedukaasje foar it basisûnderwiis yn de Stellingwerven, is in bysûnder lesprogramma foar 2027 ûntwikkele. Dêryn komme alderlei ûnderwerpen oan bar: fan lânskipsleazen en ekology oant boaiem, argeology, hydrology en kultuerhistoarje. Mar foaral draait it om sels ûntdekken en wille meitsjen. Yn de maitiid fan 2027 geane de skoallen twa kear op fjildeskurzje yn de Lendevallei.

Wolle jo ek it lêste nijs ûntfange? 

Wy hâlde jo graach op 'e hichte fan de ûntwikkelingen en it lêste nijs. Jo kinne jo ynskriuwe foar ús digitale nijsbrief fia de blauwe knop.

Oanmelde digitale nijsbrief

Hokker dielprojekten binne klear? 

Yn de ôfrûne jierren binne de ûndersteande dielprojekten ôfrûne. Wat is dêr allegearre ynrjochte en ferbettere? 

  1. Gebiet Ter Schure: Leit tusken it natuerreservaat De Lendevallei en polder Scheltinga. Fanâlds wie dit turfgebiet en dêrnei waard it lânbougrûn. Troch it iten yn 'e grûn te ferminderjen en in sleat te dimpen sadat wetter langer fêstholden wurdt, groeit der no unike natuer. Lykas krûd- en faunaryk greidlân, fochtich healân en heide. 
  2. In stik natuergrûn by De Hoeve: Hjir is in blommeryk lânskip ûntstien, troch it werombringen fan twa âlde beekkronkels. De histoarje is nij libben ynblaasd mei it werstellen fan seis petgatten en tuskenlizzende lisikkers. Op de lisikkers lei fanâlds turf te drûgjen. Sleatten binne ferondjipt, wâlkanten breder makke, greppels útgroeven en agraryske perselen ferbettere. Der is mear krûd- en faunaryk gerslân. 
  3. Fytspaad De Hoeve en mear: Yn 2021 is it fytspaad lâns De Lende tusken de Vinkegavaartweg by De Hoeve en de Domeinenwei by De Blesse oanpast. Westlik fan de Wetering rint it fytspaad troch it natuergebiet fan It Fryske Gea, mei as doel om de natuer- en lânskipsbelibbing fan fytsers te fersterkjen. Tagelyk binne op trije plakken âlde meanders (beekkronkels) fan De Lende op 'e nij werombrocht. De beek en it fytspaad slingerje no tegearre troch it lânskip. It grutste part is ynrjochte as natuergebiet en stiet yn iepen ferbining mei de beek. Hjirtroch kin mear wetter op it lân rinne, dêr't ferskate planten en bisten fan profitearje. 
  4. Polder IJkenverlaat: Der is in meander (kronkeling) oan de noardkant fan De Lende makke, mei in natuerfreonlike wâlskant lâns de middensleat. In kantelstuw helpt om it wetterpeil te regeljen. Omdat in keardaam in barriêre is foar fisken, is der in fiskpassaazje makke. Dy helpt de fisken om it wetterpeilferskil te oerbrêgjen en tsjin de stream yn te swimmen. En jo kinne de fisken dêrtroch ek noch goed besjen. 
  5. De Stuttebosch: Is it gebiet by de ‘Bekhofskaansk’, eastlik fan Aldeberkeap. It parkearplak is ferpleatst wêrtroch it kuierpaad no troch de bosk, oer de skâns rjochting de Lende rint. Folgje jo it paad dan komme jo by de keardaam mei in v-foarmige bekkentrep fiskpassaazje. It lêste part fan it fytspaad rjochting de Bekhof, is ferhurde en de berikberens fan de kuierpaden en perselen is ferbettere. By de skâns wurde noch twa ynformaasjebuorden pleatst, mei nijsgjirrichheden oer it gebiet.
Een paar mensen zitten in een knalrode kano op het water tussen de bomen.

Underdiel fan it Natuurnetwerk Nederland 

It plan om de Beekdal fan De Lende te fersterkjen komt net samar út de loft fallen. Yn Nederlân fine wy natuerûntwikkeling hieltyd wichtiger. Sûnt 2014 binne alle provinsjes ferantwurdlik foar de fierdere ûntwikkeling fan it Natuurnetwerk Nederland. Dit is in netwurk fan natuergebieten dy't al ynrjochte binne of noch ynrjochte wurde moatte. Yn Fryslân drage wy hjir ek oan by en de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde is dêr ûnderdiel fan. 
 

Besteande natuergebieten wurde op dy wize mei-inoar ferbûn. Sa ûntstiet in sterk netwurk wier: 

  • Bistesoarten maklik fan it iene nei it oare gebiet kinne gean. 
  • De plantesoarten better groeie en bloeie. Planten dy't der fanâlds wiene, komme faak sels werom yn in gebiet. 
  • It oerflakte- en grûnwetter skjin en ekologysk sûn is.

De gebietskommisje 

By it meitsjen fan plannen foar in gebiet kinne wy net sûnder in gebietskommisje. De Gebietskommisje Beekdal Linde wurket yn opdracht fan de provinsje Fryslân en yn `e mande mei de streek, oan dit gebietsûntwikkelingsprojekt. De kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan natuer - en miljeuorganisaasjes, LTO Noard en de Feriening lytse doarpen. Oare wichtige gearwurkingspartners binne Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, Steatsboskbehear en gemeente Weststellingwerf. By it meitsjen fan de plannen sjogge wy hieltyd mei-inoar nei de histoarje fan it gebiet en wat it gebiet nedich hat of brûke kin op it mêd fan natuer, wetter, lânbou, lânskip en rekreaasje.

Alle leden van de gebietscommissie staan in de modder met laarzen aan.
De gebietskommisje