Subsydzjeregeling Funderingsherstel Feangreidegebiet Fryslân 2025 -2029

Logo van provincie Fryslân met een pompeblêd.
Logo van Wetterskip Fryslân met gekleurde strepen.

Wa, wat, wannear? 

Dizze subsydzje is foar eigener-bewenners fan wenningen en VvE’s yn it Feangreidegebiet mei urginte fundearringsproblemen dy't de fundearring fan harren wenning herstelle litte of ferfangende nijbou útfiere litte. It giet dêrby om wenningen dy't de oanfreger yn eigendom hat en sels permanint bewennet. Fia dizze postkoadechecker kinne jo kontrolearje oft jo yn it oanmerkjende gebiet wenje. Ek moat de wenning foar 1973 boud wêze. Dit kinne jo fia it kadaster kontrolearje.

De subsydzje kin oanfrege wurde fan 23 juny 2025 oant de subsydzjepot leech is of oant 31 desimber 2025. Yn 2025 is der in subsydzjeplafond fan € 480.000. Nei 31 desimber 2025 is de regeling iepen fan 1 jannewaris 2026 oant en mei 31 desimber 2028. Jierliks is der € 1.000.000 beskikber.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

De subsydzjeregeling is bedoeld foar eigener-bewenners fan wenningen en VvE’s as temjittekomming yn de kosten foar it útfieren fan fundearringswerstel. 

Let op: Om dizze subsydzje krije te kinnen is der in KCAF ûndersyksrapport nedich, dat by de subsydzje-oanfraach meistjoerd wurde moat. Dit fundearringsûndersyk moat útfierd wurde troch partijen dy't foldogge oan de KCAF Erkenningsregeling foar fundearringsûndersyk. Om fundearringsûndersyk dwaan te litten, is ek subsydzje mooglik.

Subsydzjeegeling

Subsydzjebedrach

De subsydzje fergoedet 40% fan de makke en subsidiabele kosten foar it útfieren fan fundearringsherstel, mei in maksimum fan € 40.000 de wenning. 

Yntsjinje oanfraach

By it ynfoljen fan jo oanfraach hawwe jo yn alle gefallen de neikommende dokuminten nedich: 

  • In ûndersyksrapport fan in KCAF erkend fundearringsûndersyksbedriuw.
  • In offerte/opdrachtbefêstiging fan in KCAF erkend fundearringswerstelbedriuw, dêr’t yn alle gefallen in opjefte fan de omfang en kosten fan it werstelwurk yn opnommen is;
  • In úttreksel basisregistraasje fan de oanfreger, of as in VvE oanfreget de úttreksels basisregistraasje fan alle eigenaar-bewenners dy’t de VvE foarmje. Yn de regeling lêze jo hokker dokuminten jo fierder meistjoere moatte. Dit kin foar elke situaasje ferskille. As jo in mienskiplike oanfraach yntsjinje, brûke jo dizze gearwurkingsoerienkomst .

Jo kinne de Verklaring minimis-steun digitaal ynfolje.

Wêre?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it elektroanyske oanfraachformulier. 

It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.

Jo hawwe subsydzje krigen, en dan? 

Hawwe jo subsydzje krigen, dan moatte jo neidat it werstelwurk klear is in fotoferslach fan de foar - en neisituaasje en fan de útfiering nei ús tastjoere. Wy hawwe dêr in format foar makke, dy fine jo hjir. Dizze mei stjoerd wurde nei provincie@fryslan.frl

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl

Foar fragen oer fundearringsûndersyk kinne jo terjochte by ús fundearringsloket fia de mail info@funderingsloket.frl of funderingsloket.frl.

Tink derom: Dizze oanfraach tsjinje jo digitaal yn. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.