Fryslân bringt âldste bosken fan de provinsje yn kaart

Fryslân telt 35 iuwenâlde bosken dy’t foar it earst provinsjebreed yn kaart brocht binne. Dat docht bliken út it ûndersyk fan ekolooch Piet Bremer. De resultaten fan dat ûndersyk binne yn it rapport ‘De oudste bossen fan Fryslân’ fêstlein. It rapport is op tongersdei 18 juny offisjeel oan deputearre Matthijs de Vries oanbean.

Iuwenâlde bosken binne bosken dy’t al hûnderten jierren op itselde plak foarkomme. Foar it ûndersyk is ûnder oare gebrûk makke fan histoaryske kaarten, dêrûnder de kaart fan Bernard Schotanus út likernôch 1700. Dêr docht út bliken dat fan de 81 bosken dy’t doe op de kaart stiene, der hjoed-de-dei noch 34 besteane. Dêrnjonken binne 35 bosken identifisearre dy’t oan de definysje fan iuwenâld, heal-natuerlik bosk foldogge. Mei-inoar beslagge sy sawat 91 hektare, minder as ien prosint fan it hiele boskoerflak fan Fryslân.

Ferburgen skat yn it Fryske lânskip

De âldste bosken fan Fryslân binne benammen yn Súdeast-Fryslân te finen. In soad fan dy bosken kenne in lange skiednis as ikekaphout en wurde faak begrinzge troch âlde houtwâlen. Yn ferskate bosken binne boppedat argeologyske spoaren fûn, dy’t tsjûgje fan iuwenlang gebrûk fan it lânskip. Ta de meast bysûndere gebieten hearre ûnder oare it Grote Bos, Alde Bosk, Karkebos, Vossenbosch, Stuttebosch en de Schieterd. Dy bosken foarmje weardefolle libbensgebieten foar bysûndere planten en bisten en fertelle it ferhaal fan it Fryske lânskip troch de iuwen hinne.

Weardefol foar natuer en erfgoed

Deputearre Matthijs de Vries: “De âldste bosken fan Fryslân binne libbene skiednis. Sy litte sjen hoe’t ús lânskip him troch de iuwen hinne ûntwikkele hat. Dat dy bysûndere plakken noch hieltyd besteane, is mei te tankjen oan de ynset fan eigeners en behearders. Nije bosken oanlizze is wichtich, mar it is op syn minsten sa wichtich om de bosken dy’t Fryslân al generaasjes lang ryk is te behâlden. Dit ûndersyk helpt ús dêrby.

Neffens ûndersiker Piet Bremer lit it ûndersyk sjen dat Fryslân oer mear iuwenâld bosk beskikt as oant no ta oannommen waard. Dêrmei is wichtige kennis beskikber kommen foar takomstich natuerbehear, boskûntwikkeling en de útfiering fan de Frysk Beamme- en Boskestrategy.

Rapport oanbean oan provinsje

By in gearkomste yn it iuwenâlde Stuttebosch by Aldeberkeap waard it rapport De oudste bossen fan Fryslân offisjeel oan deputearre Matthijs de Vries oanbean. Oanslutend krigen de eigeners, behearders en oare oanbelangjenden in taljochting op de ûndersyksresultaten en de betsjutting fan iuwenâlde bosken foar de takomst fan Fryslân.

Bouwe oan de bosken fan de takomst

It ûndersyk nei de âldste bosken fan Fryslân slút oan by de Europeeske Boskstrategy, dy’t ynset op CO2-opslach, it beskermjen, opknappen en útwreidzjen fan weardefolle bosken en lânskippen. Ek Fryslân wurket oan dy doelen fia de Fryske Beamme- en Boskestrategy.

Sa hat de provinsje koartlyn seis subsydzjeregelingen foar beammen, bosk en lânskip iepensteld. Dêrmei kinne ûnder oare grûneigeners, boeren, terreinbehearende organisaasjes, gemeenten, ferienings, stichtings en partikuliere inisjatyfnimmers bydrage oan mear en sterker grien yn Fryslân.

Ien fan dy regelingen is de subsydzjeregeling foar nij bosk en it opknappen fan bosk. Dêrmei stipet de provinsje projekten dy’t bydrage oan mear boskoerflak, it opknappen fan besteande bosken en in sterker, takomstbestindich lânskip. De kennis út it ûndersyk nei de âldste bosken fan Fryslân helpt dêrby om net allinne mear bosk oan te lizzen, mar ek soarchfâldich mei de bysûndere boskgebieten, dy’t de provinsje ryk is, om te gean.