Frysktalige literatuer / skriuwen
Fan 12 jannewaris 2026 ôf oant en mei 9 oktober 2026 is it foar skriuwers mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan Fryske boeken. Njonken it skriuwen yn it Frysk stiet de regeling ek iepen foar it skriuwen yn in Fryske streektaal sa as bygelyks it Biltsk. It subsydzje hat ten doel om it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.
Op grûn fan dizze regeling kin subsydzje oanfrege wurde foar:
- it skriuwen fan oarspronklik Frysktalige literatuer dy’t him rjochtet op bern of jongerein fan 6 oant en mei 16 jier en 16 o/m 25 jier (young adults);
- it skriuwen fan it earste Frysktalige boek fan in skriuwer of de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer yn in foar dy skriuwer nij literêr sjenre;
- it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige sekundêre literatuer;
- it skriuwen fan in yn de Nederlânske of bûtenlânske taal skreaune wittenskiplik wurk oangeande in oan de frisistyk relatearre ûnderwerp, dat ek yn de Fryske taal ferskynt;
- In oarspronklik Frysktalich toanielstik.
It subsydzjeplafond foar de regeling Frysktalige literatuer is € 60.000,-. Dit betsjut dat ek de subsydzjes dy’t jûn wurde foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik út dit budzjet betelle wurde.
Betingsten
Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.1 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes)
- Projektplan;
- Oeuvre oersjoch;
- Kopy fan de útjefte oerienkomst of fan de yntinsjeferklearring (ferplichte foar de aktiviteiten neamd yn haadstik 2.1.2 a, b, c en d;
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge).
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy helpe jo fierder mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei ús Klantekontaktsintrum op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Frysktalige toanielstikken
Oanfragen foar it skriuwen fan Frysktalige toanielstikken kinne jo yntsjinje fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026. Jo kinne it digitale formulier dêr ek foar brûke. Fierdere ynformaasje fine jo op Frysktalige toanielstikken.