Frysktalige toanielstikken
Fan 12 jannewaris 2025 ôf oant en mei 9 oktober 2026 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik. Toanielstikken dy’t yn in Fryske streektaal sa as it Biltsk of it Stellingwerfsk skreaun wurde falle ek ûnder de regeling.
It subsydzjeplafond foar de regeling Frysktalige literatuer is € 60.000,-. Dit betsjut dat ek de subsydzjes dy’t jûn wurde foar it skriuwen fan Frysktalige fiksje en non-fiksje út dit budzjet betelle wurde.
Betingsten
Besjoch earst oft jo oan de betingsten foldogge. De regeling foar it skriuwen fan in toanielstik is in ûnderdiel fan paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
It is de bedoeling dat it toanielstik noch skreaun wurde moat. It kin fansels wêze dat in skriuwer alfêst wat mei it idee boartet en in lyts begjin makket om te sjen hoe’t er it oanpakke sil. Mar as de skriuwer al serieus oan de gong is en in ein op wei is mei it skriuwen fan de tekst, is it net de bedoeling dat dêr noch subsydzje foar oanfrege wurdt.
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes)
- Projektplan;
- Oeuvre oersjoch fan de auteur;
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge).
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Frysktalige literatuer
Oanfragen foar it skriuwen fan Frysktalige literatuer kinne jo yntsjinje fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026. Jo kinne it digitale formulier dêr ek foar brûke. Fierdere ynformaasje fine jo op Frysktalige literatuer / skriuwen.