Frysk Wenplan: mei-inoar flugger bouwe oan betelbere wenningen yn Fryslân
De provinsje Fryslân pakt syn nije rol yn de folkshúsfêsting op. Yn it Fryske Wenplan, offisjeel it provinsjale folkshúsfêstingsprogramma, stiet hoefolle wenningen der nedich binne en foar wa't der boud wurdt. Ek stiet deryn wat de provinsje sels docht om yn ‘e mande mei gemeenten, wenningkorporaasjes, merkpartijen en ynwenners te soargjen foar genôch betelbere en passende wenningen. Provinsje Fryslân wol dêrby foaral faasje meitsje.
Troch partijen byinoar te bringen en plannen better opinoar ôf te stimmen, kin der flugger en mear boud wurde. Deputearre Steaten hawwe it ûntwerp fan it Fryske Wenplan fêststeld. It plan leit fan 30 oktober oant en mei 10 desimber 2026 op besjen. Yn dy perioade kin elkenien in sjenswize yntsjinje.
De druk op de Fryske wenningmerk is grut. Der is in tekoart fan goed 3.500 wenningen en oant 2050 binne der 33.000 oant 37.000 ekstra wenningen nedich. Starters kinne dreech in betelbere wenning fine en de âlderein kin net maklik trochstreame nei in wenning dy't better by harren past. Dat spilet oeral, yn doarpen en stêden. Sûnt 1 july hat de provinsje troch de Wet versterking regie volkshuisvesting in dúdliker regyrol. It Fryske Wenplan jout dêr foar Fryslân ynfolling oan.
Deputearre Abel Kooistra: "Wenjen rekket ús allegear en hâldt net op by de gemeentegrins. Dêrom pakke wy as provinsje in stevigere rol. Troch aktyf gear te wurkjen en partijen op 'e tiid byinoar te bringen, kinne wy opûnthâld foarkomme. Sa kinne wy yn ‘e mande mei gemeenten, korporaasjes, merkpartijen en ynwenners flugger bouwe."
Mei-inoar flugger bouwe
De grutste tiidwinst sit net yn it bouwen sels, mar yn de tarieding dêrop. Plannen dy't net opinoar oanslute, partijen dy't inoar te let fine en knyppunten dy't lizzen bliuwe, kinne foar opûnthâld soargje. Dêr leit in rol foar de provinsje. Troch partijen byinoar te bringen en aktyf gear te wurkjen, wol Provincie Fryslân ûnnedich opûnthâld foarkomme. Sa kin der flugger boud wurde. De provinsje kiest útdruklik foar de rol fan partner. Gemeenten en wenningkorporaasjes krije romte en stipe. Ek pakke de Fryske gemeenten de opjefte mei-inoar op, sadat betelber wenjen earliker ferdield wurdt en Fryslân sterker stiet yn it oerlis mei it Ryk.
Doel: in sûne wenningmerk yn 2036
Provinsje Fryslân wol it wenningtekoart yn 2036 nei 2 prosint werombrocht hawwe. Dat wurdt sjoen as in sûn nivo. Dat slagget allinnich as ek de betingsten op oarder komme, lykas de kapasiteit fan it stroomnet, de stikstofproblematyk en de ynvestearringsromte fan wenningkorporaasjes. Dêr bliuwt de provincie, yn ‘e mande mei de Fryske gemeenten en wenningkorporaasjes, by it Ryk op oanstean.
Betelber en passend
Fan alle nije wenningen moat twa tredde betelber wêze. Dêrneist is it doel dat 30 prosint fan alle nije wenningen út sosjale hierwenningen bestiet. De provinsje wol boppedat dat it totale oantal sosjale hierwenningen yn Fryslân groeit. Neist nijbou set it plan yn op it better benutten fan besteande gebouwen en wenningen. Dat kin bygelyks troch gebouwen om te bouwen ta wenningen, ekstra ferdjippings op gebouwen te setten of wenningen te splitsen.
Sa kinne der mear passende wenningen komme foar starters, âlderein en oare groepen dy't ekstra omtinken nedich hawwe. By foarkar ticht by foarsjennings. As âlderein ferhúzje kin nei in wenning dy't better by harren past, komme der ek besteande wenningen frij foar starters en húshâldings.
Hoe no fierder?
It ûntwerp fan it Fryske Wenplan is opsteld yn gearwurking mei gemeenten, wenning-korporaasjes, merkpartijen en ynwenners. Harren ûnderfiningen en ideeën binne yn it plan ferwurke. Fan 30 oktober oant en mei 10 desimber 2026 leit it ûntwerp op besjen. Yn dy perioade kin elkenien it plan besjen en in sjenswize yntsjinje.
Mear ynformaasje oer it Fryske Wenplan en it yntsjinjen fan in sjenswize is te finen op: Frysk Wenplan | Fryslan