Frysk Wenplan
It provinsjaal folkshúsfestingsprogramma Fryslân
Deputearre Steaten hawwe it ûntwerp fan it Frysk Wenplan fêststeld, offisjeel it provinsjaal folkshúsfestingsprogramma Fryslân. Yn dit plan stiet wat Provinsje Fryslân docht om derfoar te soargjen dat elkenien yn Fryslân in goede, betelbere en passende wenning fine kin, no en yn de takomst.
Ut de Wet fersterking rezjy folkshúsfêsting wei stelt alle provinsjes in folkshúsfêstingsprogramma fêst. Foar Fryslân is dat it Frysk Wenplan. De druk op 'e wenningmerk is grut. Der is in tekoart fan goed 3.500 wenningen, en oant 2050 binne der noch 33.000 oant 37.000 wenningen nedich. De provinsje wol it wenningtekoart yn 2036 werombringe nei in sûn nivo fan 2%. Dêrom makket de provinsje karren oer hoefolle, wêr en foar wa't boud wurdt. Provinsje Fryslân wol de wenningbou ferhastigje troch partijen byinoar te bringen, gearwurking te fersterkjen en fertraging helpe foarkommen.
De karren yn it plan
It Fries Woonplan wurket lâns fjouwer opjeften:
- Wy bouwe flugger genôch wenningen op it goede plak.
- Wy bouwe genôch betelbere wenningen: twatredde fan de nijbou is betelber, wêrfan 30% sosjale hier.
- Wy soargje foar mear passende wenten foar ferskillende doelgroepen, mei omtinken foar trochstreaming.
- Wy soargje foar in takomstbestindiger wenningfoarried, ûnder oaren troch besteande gebouwen better te benutten.
Ynbring fan partners en ynwenners
De provinsje makke it plan tegearre mei oaren. Gemeenten, wenningkorporaasjes en merkpartijen hawwe meitocht. Ek ynwenners tochten mei, yn de wenkafees yn Boalsert, Kollum en It Hearrenfean en online fia Stim fan Fryslân.

In sjenswize yntsjinje
It ûntwerpprogramma leit op besjen fan freed 30 oktober 2026 oant en mei tongersdei 10 desimber 2026. Elkenien kin yn dizze seis wike in sjenswize yntsjinje. Op de neikommende wizen kinne jo in sjenswize yntsjinje:
- Skriftlik by Deputearre Steaten fan Fryslân, postbus 20120, 8900 HM Ljouwert foar Team Romte, Klimaat en Enerzjy ûnder fermelding fan ‘‘Zienswijze ontwerp provinciaal volkshuisvestingsprogramma Fryslân’;
- Digitaal troch in e-mail te stjoeren nei provincie@fryslan.frl ûnder fermelding fan ‘Zienswijze ontwerp provinciaal volkshuisvestingsprogramma Fryslân’;
- Mûnling. Dêr kinne jo telefoanysk in ôfspraak foar meitsje mei it klantkontaktsintrum fia it telefoannûmer 058 - 292 59 25.
Hoe giet it fierder?
Nei it op besjen sammeljen en besjen wy alle sjenswizen. Alle sjenswize krije in antwurd yn de reaksjenota. Dêryn stiet ek oft en hoe't in sjenswize it programma feroare hat. Nei ferwachting wurdt it programma ynklusyf reaksjenota yn febrewaris 2027 oan Provinsjale Steaten oanbean foar winsken en betinkingen.
Lês it Frysk Wenplan
Untwerp Frysk Wenplan (provinsjaal folkshúsfêstingsprogramma)
Jo kinne it ûntwerpprogramma en byhearrende stikken (sjoch ûnderoan de pagina) ek rieplachtsje yn it provinsjehûs yn Ljouwert (Twibaksmerk 52, 8911 KZ, yn Ljouwert).
Fragen?
By fragen kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25.