Friese musea jouwe it ferline in duorsume takomst
Soms, as Adrie Warmenhoven moarns fanút syn wenplak yn Noard-Hollân oer de Ofslútdyk rydt rjochting syn wurk yn Frjentsjer, dan sjocht er de sinne boppe de Iselmar opkommen. Dat is op himsels al in prachtich skouspul, mar ienkear yn Frjentsjer wurdt it dan noch in stikje moaier. Want sadree't er it Keninklik Eise Eisinga Planetarium betrêde hat, rint er efkes nei de planetariumkeamer om te kontrolearjen oft Eisinga ek hjoed, twa iuwen nei syn dea, wer gelyk hat. En ja, seit Warmenhoven, “ het klopt altijd ”. Yn de planetariumkeamer kinst op ien fan de oanwêzige wizers nammentlik sjen hoe let op hokker dei de sinne opkomme sil. Warmenhoven is al in lytse fiifentweintich jier de direkteur fan it museum, mar dit is ien fan de mominten dy't it Planetarium altyd ta in bysûnder plak meitsje sil.
En gelokkich is hy net de iennige dy't der sa oer tinkt, want de besikersoantallen skeaten de ôfrûne jierren flink omheech. Eisinga liet al fan it prille begjin fan it planetarium ôf besikers ta (sa beskikt it museum oer in gasteboek út 1780), mar de lêste twa desennia rûn it wol hiel hurd omheech: dêr't yn 2001 noch 32.000 minsken yn it jier oer de flier kamen, sa wisten ferline jier in lytse 100.000 minsken it museum te finen. In flinke promosjonele stipe yn de rêch hjirby is dat it Planetarium twa jier lyn útroppen waard ta Unesco Werelderfgoed. Mar mei safolle besikers mear moatte je der ek foar oppasse dat je kolleksje der net ûnder lije. No is it troch Eisinga boude planetarium mei al dat hout en metaal op himsels net sa kwetsber, mar dochs, al dy besikers nimme, seker mei reinich waar, allegear focht mei nei binnen. Oant reedlik foar koart kaam elke besiker fia deselde doar binnen as 250 jier lyn, nammentlik fia de foardoar fan it pân fan Eisinga, dêr't it oan it plafond boude planetarium him ek werklik befynt. Elkenien is wolkom yn it planetarium (al hantearret it museum sûnt in skoftke in systeem fan tiidslotten om de besite te regulearjen), mar al dy oandacht hat ek neidielige gefolgen.
It wie ien fan de ûnderwerpen dy't op tongersdei 2 oktober oan de oarder kaam yn in ek yn Frjentsjer organisearre sympoasium oer it duorsumer meitsjen fan kultureel erfgoed. It punt wie de mei help fan it KlimOp-projekt mooglik makke (plande) ferduorsuming fan it planetarium en dy fan museum De Jouwer, ien op in grut yndustryterrein situearre museum dêr't je ûnder oare wurkplakken besykje kinne fan âlde ambachten as klokkemeitsjen, koperslaggers en goud - en sulversmidden. De enerzjykrisis fan in pear jier lyn soarge foar flinke finansjele soargen by it museum, wêrtroch't de takomst efkes ûnwis like. Ferduorsuming wie driuwend nedich om it museum takomstbestindich te meitsjen. Itselde jilde ta in hichte ek foar it Planetarium yn Frjentsjer. Sawol it planetarium as it museum De Jouwer krigen hjirby help fan it KlimOp-programma fan de provinsje Fryslân. Net dat alle troch klimaatadviseurs foarstelde maatregels yntusken trochfierd binne, mar der binne stappen set. Museum Joure is yntusken sels sa goed as fan it gas ôf, sûnder dêrby ôfbrek te dwaan oan de monumintale oanblik fan de pannen op it terrein.
Op it sympoasium wie dat ien fan de weromkommende ûnderwerpen fan petear: hoe ferduorsum je no stylfol in âld monumintaal pân, want it jout ommers gjin pas om bygelyks al it âlde glês yn it âlde wenhûs fan Eisinga te ferfangen troch dûbel of sels triple-glês om't der sa nedich op de gasrekken besparre wurde moat. Hans de Witte fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, ien fan de sprekkers op it sympoasium, brocht dat boadskip dan ek mar fuort: it is hast nea mooglik om de ferduorsumingsmaatregels dy't gongber binne yn de nijbou troch te fieren yn monumintale gebouwen. Al is it mar fanwege de optyske of auditive gefolgen: dat dûbelde glês yn in santjinde-iuwsk pân is gjin kyk, mar je wolle bygelyks ek gjin ronkende waarmtepomp oan de bûtenmuorren derfan befêstigje.
Yn de earste ronde fan it KlimOp-programma waarden fjirtjin musea fan ferduorsumingsadvizen en in businessmodel foarsjoen. Dêrby kaam al gau oan it ljocht dat it ferduorsumjen fan de, faak monumintale gebouwen, in kwestje fan maatwurk is. Dat jildt foar it museum De Jouwer, mar dat jildt wis foar it planetarium yn Frjentsjer, dat yn 2007 útwreide waard mei it pân fan de buorlju (dêr't eartiids in kofjebrânerij yn siet) en yn 2016 opnij útwreide waard troch ek it pân dat njonken de kofjebranderij siet by it museum te belûken. Yn it pân dêr't eartiids in bakkerij fêstige siet komme sûnt de besikers binnen en se hingje der ek harren jassen op, wêrtroch't der al folle minder focht rjochting it kwetsbere part fan it museum (it planetarium sels) binnen komt. Fia trochgongen kin de besiker no troch it museum rinne en oan de ein fan de kuier it troch Eisinga boude planetarium bewûnderje. Dat it noch wol in flinke puzzel is om alle trije de pannen te ferwaarmjen: der loeie leafst fjouwer cv-tsjettels.
Wat de boel noch yngewikkelder makket is dat de trije pannen wol mei-inoar it museum foarmje, mar dat elk pân dan wer yn it besit is fan in oare eigener: it pân fan Eisinga is yn it besit fan de gemeente Waadhoeke, de eardere kofjebrânerij is fan Hendrick de Keyser (in feriening dy't him ynset foar it behâld fan weardefolle gebouwen) en de eardere bakkerij is dan wer fan it Eise Eisinga museum sels. En om it mar simpel te stellen: wa betellet wat by in ferduorsuming? Binne alle partijen überhaupt ree om ta ferduorsumjen oer te gean? En dat is hast in must, want de pannen binne fia trochgongen mei-inoar ferbûn en maatregels hawwe ynfloed op it totale museum.
Ien fan de doelstellings fan it sympoasium wie om fia de kasussen fan de musea yn Frjentsjer en De Jouwer oan oare musea sjen te litten hoe kompleks ferduorsumjen wêze kin, mar dat it wol deeglik mooglik is. Dat komt op it earste plak, sa stelde Hans de Witte, omdat dochs benammen it gedrach fan minsken it ferbrûk fan enerzjy bepaalt, en net, lykas wol faak tocht wurdt, de mjitte wêryn't in pân isolearre is. Dat begjint dus mei dat saneamde good housekeeping - in term dy't eins altyd wol falt as der earne ferduorsume wurde moat. Dus troch mjitapparatuer yn kaart bringe wêr't enerzjykosten troch ferklearre wurde kinne en dêrnei, mei somtiden hiel ienfâldige yngrepen, besykje om it ferbrûk te drukken. Sa is it altyd ferstannich om jûns, yn hokker pân ek, de gerdinen foar de ruten te sluten om sa de fleurige waarmte binnen te hâlden. En mochten je as eigener fan in monumintaal pân no echt oan it ferduorsumjen wolle en dus bygelyks oan de sinnepanielen of de waarmtepompen wolle, dan is it neffens De Witte ferstannich om der earst ien fan de gemeente by te heljen. Want it gemeentlike belied is tige fariabel en it is lestich om allinnich de gong nei ynternet te brûken om te bepalen wat der wol en net mei.
Dat advisearret ek Harm Haitsma, dy't sûnt jier en dei konsulint is by de Monumintesoarch en dy ek op it sympoasium spruts. Fan de faak hearde klacht dat je oan in monumintaal pân sa'n bytsje feroarje meie, sa stelde er, is net folle wier. Der is krekt fan alles mooglik (der wurde nammentlik in hiel soad fergunningen ferliend op jierbasis), mar it is wol maatwurk dat yntinsyf mei de oanbelangjende gemeente bepraat wurde moat. Op'e nij: helje der dus earst ien fan de gemeente by. In ûnrêstlike konstatearring hie Haitsma ek: it falt him op dat it ûnder de hjoeddeiske generaasje boukundigen ûntbrekt oan kennis fan boufysika en dat de kâns dus bêst grut is dat de minsken fan in oannimmer net goed witte hoe't se omspringe moatte mei de fysyske aspekten fan in gebou, dus mei saken as ljocht, waarmte, lucht, focht en lûd. Koartsein, sa'n bytsje de kearn fan in op ferduorsuming rjochte ferbouwing. Men soe as partij kontrolearje kinne oft de oannimmer yn kwestje beskikt oer in karmerk fan de Stichting Erkende Restauratiekwaliteit Monumentenzorg (de ERM), mar sels dat biedt gjin boarch foar kwaliteit op it mêd fan de boufysika, stelde Haitsma. En weitsje ek foar it probleem fan hjittestress: yn in goed isolearre gebou mei in soad glês is it yn de simmer, as de temperatuer oprint, faak tige waarm. In hoopfolle meidieling wie der trouwens ek: lykas oare op it sympoasium oanwêzige spesjalisten beklamme ek Haitsma dat in lyts bytsje isolaasje al in hiel soad docht. Tinke datst mei elke sintimeter oanbrocht isolaasjemateriaal evenredige stappen dochst net, de earste laach, in earste sintimeter isolaasjemateriaal is fuort al hiel effektyf. Je hoege as organisaasje dus net per definysje flink yn de ponge te taasten. En foar dy kosten tipte Haitsma noch de webside degroenegrachten.nl, ea yn it libben roppen troch sillen Wubbo Ockels. It is in deeglik startpunt om út te meitsjen hoefolle jild oft in op ferduorsuming rjochte ferbouwing kostje sil. Want, en dat is dan wer it minne nijs, it meitsjen fan in plan om te ferduorsumjen is faak hiel djoer, dêr is hast gjin ûntkommen oan.
En opnij: wa sil dat betelje? Op dy kwestje koe ûnder mear yngien wurde troch Isja Finaly, dy't út namme fan de Hendrick de Keyser-stichting op it sympoasium oanwêzich wie. De stichting is eigener fan ien fan de pannen fan it planetarium, mar is dêrneist ek eigener fan 500 oare monumintale pannen yn Nederlân. Brûkers fan in soad fan dy pannen, lykas de Stichting Koninklijk Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, betelje hier oan de stichting om it pân brûke te meien. Verduurzaming - seker in yngripende - fan de monumintale pannen is in noch relatyf nije opdracht foar de stichting. Finaly rekkene foar dat it op koarte termyn ferduorsumjen fan alle pannen finansjeel net helber is om't der gewoan net genôch jild foar is, wêrtroch't der no faak wurke wurdt mei in hierferheging om dochs stappen sette te kinnen. Op dizze wize floeit der geandewei jild werom nei de stichting en kin de hier yn de takomst wer omleech brocht wurde. De finansjele middels efter de earste rondes fan it KlimOp-programma waarden ynset foar it jaan fan advizen en it (litte) opstellen fan businessmodellen. Op it sympoasium rjochten de útnûge partijen harren oan de ein ek noch ta Gert-Jan Bouma, dy't as projektlieder fan de provinsje Fryslân oanwêzich wie. Op de fraach oft KlimOp ek yn de takomst bestean bliuwe soe reagearre er foarsichtich. De finansjele middels foar KlimOp binne ôfkomstich út saneamde SPUK-jilden, in troch it Ryk takende Specifieke Uitkering (SPUK) dy't troch gemeenten en provinsjes brûkt wurde kin om doelen as ferduorsuming te realisearjen. Op dit stuit is it pot om yn Fryslân kultureel erfgoed te stypjen op. Mar Bouma ferwachtet wol dat der yn de rin fan it folgjende kalinderjier nij budzjet beskikber komt. Oer de hichte fan it bedrach en de betingsten is op dit stuit lykwols noch neat te sizzen.

De entree fan Museum Joure

Ien fan de histoaryske pannen op it terrein fan museum De Jouwer

It meast weardefolle part fan it Planetarium yn Frjentsjer, de troch Eise Eisinga boude planetariumkeamer

De entree fan it planetarium yn Frjentsjer