Einrapport eksperimint
Undersyksynstelling foar de lânbou SPNA hat it einrapport oplevere fan eksperiminten om ûnkrûd te bestriden mei nije techniken, sûnder pestisiden. De ûndersiken fûnen plak op trije plakken yn Fryslân yn de jierren 2024 en 2025 yn de Suikerbietenteelt. By it ûndersyk waarden ek ferskate demo’s organisearre.
Meganyske en gemyske metoaden waarden by it ûndersyk ferlike. In ferslach fan it ferrin fan dit twajierrige projekt is te lêzen fia it rapport.
De resultaten litte sjen dat:
- It tal biten amper beynfloede wurdt troch de keazen bewurking, as dy op de goede wize útfierd wurdt.
- boaiemsteldheid, waarsomstannichheden en delslach in wichtige rol spylje by de effektiviteit fan ûnkrûdbestriding.
- de effektiviteit fan ûnkrûdbehearsking per lokaasje en mjitmomint ferskilt.
Sjoch foar ynfo oer de demo’s nei: