Film: telers diele harren ûnderfiningen yn teelt sûkerbiten & minder gewaaksbeskermingsmiddels.
Yn 2024 is in twajierrich eksperimint úteinset yn de sûkerbitetylt. SPNA Agroresearch fiert dit tegearre mei de Nederlandse Akkerbouwers Vakbond (NAV) en LTO Noord út, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It doel is om agraryske ûndernimmers ynsjoch te jaan yn ferskate metoaden om sûkerbiterselen ûnkrûdfrij te hâlden. Dêrby stiet it ferminderjen fan gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels foarop.
Oer de ûnderfinings yn it eksperimint is no dit ynformearjende filmke makke troch LTO Noord.
Yn 2024 en yn 2025 fynt it eksperimint plak by dielnimmende kwekers op trije lokaasjes ferspraat oer it Fryske klaaigebiet, te witten: Kimswert, Aldebiltsyl en Kollumerwaard. De kar foar it eksperimintearjen mei minder gewaaksbeskermingsmiddels yn de teelt fan sûkerbiten is omdat dy tylt frij omfangrike is yn Fryslân. Sûkerbiten wurde foaral kweekt yn de wikseltylt mei de wichtichste tylt op de Fryske klaai: poatierappels.
Mear ynformaasje oer it twajierrige projekt
Ek SPNA Agroresearch hâldt de fuortgong fan it projekt op har webside by:
- Suikerbieten onderzoek - SPNA (nei ûnderen skrollen). Op dizze webside kinne jo jo ek oanmelde foar nijs en demo’s fan dit projekt.