Dongjum sûnder skoalle en keatsklub – mar mét in striidber doarpshûs

Yn it pittoreske Dongjum is de ôfrûne jierren aardich wat ferdwûn: neist in foardoar oan de Wytze Foppestraat dy’t mei swier fjoerwurk opblaasd waard (de dieder krige trije jier finzenisstraf) kaam der ek in ein oan de yn it doarp fêstige basisskoalle én oan it keatsen op haadklasse-nivo. Dongjum telt mar 360 sielen en de bern giene hieltyd faker nei skoallen yn it tichteby lizzende Ried of Frjentsjer, wylst der yn it doarpke te min frijwilligers te finen wiene om oan de easken fan keatsen op topnivo foldwaan te kinnen. It fjild moat ûnderholden wurde, op ’e dei fan de wedstriid moatte de spylfjildlinen útset wurde en dêr blieken te min minsken foar te finen.

Fiif jier lyn, doe’t de enerzjyprizen troch it dak gienen en De Boppeslach, it doarpshûs fan Dongjum, krekt as in protte ynstellings en organisaasjes yn finansjele need telâne drige te kommen, seagen in protte minsken de bui al hingjen. “‘Alles giet stikken’, seine in protte Dongjumers”, seit Minne Lettinga. Hy is al jierren de driuwende krêft efter De Boppeslach en seach hoe’t by in soad doarpsgenoaten yn dy barre perioade de moed yn de skuon sakke. Mar fan dat mismoedige woe Lettinga neat witte en hy wie fêstbesletten om yn de ûntstiene situaasje krekt kânsen te sjen. As ûndernimmende akkerbouwer woe er ek altyd al foarút, dus dat moast no yn it gefal fan it doarpshûs ek mar barre.

Mei help fan it KlimOp-programma fan de provinsje Fryslân waarden der al gau de earste ferduorsumingsmaatregels nommen. “Want dat wie de grutste bedriging foar De Boppeslach”, fertelt Lettinga, “dy enoarm hege gas- en elektrisiteitskosten”. “Dy moasten hiel gau omleech, oars soe it yndied gau dien wêze en krigen de doemdenkers gelyk.” Oan de isolaasje fan it gebou mankearre net in protte, dus de ruten hoegden bygelyks net ferfongen te wurden. Neist sinnepanielen, dy’t al in pear jier earder ynstallearre wiene, waard ek oerskeakele op led-ferljochting en waard der in waarmtepomp ynstallearre. En der waard sjoen wêr’t de elektrisiteit allegear hinne rûn op sa’n gemiddelde Boppeslach-dei. Sa die bliken dat in biljerttafel fjouwerentweintich oeren deis ferwaarme waard, wylst der mar in pear oeren yn ’e wike op spile waard. Mei in ienfâldige yngreep, nammentlik it ynstallearjen fan in tiidskeakelaar op de betreffende ferwaarming, koene de kosten radikaal werombrocht wurde. Sa’n tiidskeakelaar kostet tusken de tsien en 40 euro, mar do besparrest der sa’n 250 euro yn it jier mei. Sa’n ynvestearring hast der dus gau wer út.

Een biljarttafel in het dorpshuis met een kleed er over heen.

No is it tiid, mient Lettinga, foar “ronde twa”. Finansjeel moat it noch wol útsocht wurde, mar as it oan him leit sil der yn ’e takomst ek ferwaarme wurde mei ynfrareadpanielen, sille dy ûnderwilens al wat âldere sinnepanielen ferfongen wurde troch of oanfolle wurde mei nijere mei in heger rendement, sil oerstallige sinne-enerzjy opslein wurde op in akku en sille der op it parkearplak in stikmannich laadpeallen foar elektryske auto’s pleatst wurde. “En dy sinnepanielen”, seit er, “dêr is noch wol in bytsje hast by behelle ek. Want de merk is op dit stuit noch geunstich, mar ik tink dat de prizen oer twa jier mei de asmar oprinnende sulverpriis flink omheech gean sille.” Regearjen is foarútsjen, koartsein, in kwaliteit dy’t Lettinga as boer ek heech yn it findel hat. Want hy hat syn boerderij yn Dongjum wol al in jier as tsien lyn ferkocht, mar boer is er noch altyd: mei in selskip oare Fryske boeren kocht er in flinke lap boerelân yn Roemenië, ûnderwilens 4500 hektare grut. En ek dêr is duorsumens wichtich, want ien fan de plannen is de bou fan in fabryk dêr’t op in miljeufreonlik(er)e wize keunstmest produsearre wurde sil.

Rest de fraach wêrom’t immen as Lettinga, dy’t al yn de santich is en geregeldwei yn it fleantúch nei Roemenië stapt, him sa fanatyk ynset foar in lyts doarpshûs yn Dongjum. It docht him oan it hert dat syn doarpsgenoaten inoar hieltyd minder sjogge, dat der hieltyd minder bân yn it doarp liket te wêzen. “Trochdat de bern no nei twa ferskillende plakken geane om ûnderwiis te folgjen, splitsest de befolking foar in part al yn twaen. En as der dan ek noch oare binende faktoaren ferdwine, lykas de keatsferiening, dan sjochst dat der minder gelegenheden binne om mei-inoar te praten. Dit wie altyd in read doarp, der waard hjir altyd benammen PvdA stimd. Mar by de lêste ferkiezingen wie de PVV hjir de grutste. Ik kin dan net oars tinke as dat der pessimisme libbet en dat de minsken ûntefreden binne en foaral klachten hawwe. Ik tink dat as je de minsken byinoar komme litte, hjir yn De Boppeslach bygelyks, datst dan yn elk gefal de mooglikheid biedst om ynformaasje út te wikseljen ynstee fan thús sitten te bliuwen yn dyn eigen gelyk.”

Der fine trouwens genôch byienkomsten yn it doarpshûs plak. De Boppeslach mei dan net mear as kantine foar de keatsferiening tsjinje, mar biedt wol in wykliks ûnderkommen oan in dartsclub, in bingoclub, in 55-plus-club, in koersbalklub en is ek it plak dêr’t in protte gearkomsten plakfine fan allerhanne oare ferienings út de omkriten fan Dongjum. Ek dat lêste past by de ûndernimmersgeast fan Lettinga. Hy wiist nei de bar: “Dêr moat it jild fertsjinne wurde. Dus hoe mear minsken wy yn in wike ûntfange kinne, hoe makliker it troch de ferkeap fan konsumpsjes wurdt om de enerzjyrekken te drukken. Dat is ek it idee efter de mooglike komst fan de laadpeallen: dat minsken út de omjouwing hjir makliker hinne komme om te fergaderjen of om oan wat oars mei te dwaan. Wy wolle fasilitearje mei goede kwaliteit en wy wolle dêrneist de prizen fan konsumpsjes net te heech meitsje, want elkenien moat hjir wat drinke kinne, ek de minsken mei in lytse beurs. En dus besparje wy leaver op de kosten as dat wy it jild by de minsken dy’t hjir komme helje. As wy aanst dy twadde ferduorsumingsronde dien hawwe, kinne wy sa noch tweintich jier foarút.”

Een hok waar de ketel en verwarming in staan.