Demo yn Kollumerpomp: Tefreden oer grouwe biten
Ien fan de teelt-eksperiminten mei minder of gjin gewaaksbeskerming yn 2025 is fan kweker Bert Holtsema te Kollumerpomp. Yn 2024 die hy ek mei mei de teelt fan sûkerbiten. Dit jier ferfolget er syn ûnderfiningen. Op woansdeitemoarn 15 oktober 2025 hold Holtsema in demo foar kollegatelers en oare ynteressearren.
De proef hâldt yn om mei in goede timing yn de teeltperioade, dy't faak ôfhinklik is fan it waar, de plant fan de start ôf wjerber genôch te hawwen en te hâlden. Oan de hân fan eigen observaasje en monitoring (blêdstâltsje-analyze) bepaalt Holtsema wat de plant yn de groei nedich hat. Dat kin alle jierren en yn elk stadium fan de groei fan siedsje ta byt hiel ferskille. Troch sa nei ferlet fan de planten, rjochte spoare-eleminten ta te tsjinjen, hopet er de planten sterk genôch te hâlden troch it teeltseizoen hinne. Dat kin fia bedonging op'e boaiem en letter yn it groeistadium noch fia blêdbedonging.
Dêrmei tinkt Holtsema oantaasting troch skimmels en sykten sa beheind mooglik te hâlden sadat gewaaksbeskermingsmiddels net of yn lytse mjitte nedich binne.
Foardat Holtsema siedzje sil soarget er foar in goede kondysje fan de boaiem. Dêrfoar kinst winterdeis foarôfgeand oan it siedzjen in grienbedonger op it lân plantsje. En de goede siedkar is hiel wichtich by in goede tarieding.

De proef rjochtet him op it ferminderjen fan fungisiden (skimmelkearende middels). Dêrom start Holtsema graach mei in ‘skjin’ siedbêd, dêr ’t er noch wol (boaiem -) herbisiden foar brûkt, dat binne ûnkrûdbestridingsmiddels. Dêrneist tylt er de sûkerbiten yn tûke rotaasje mei oare gewaaksen dy't in jier derfoar kweekt waarden, lykas ierappels. Dat hat in geunstige ynfloed op de teelt fan yn dit gefal no de sûkerbiten.
Alle jierren is wer oars kwa tylt en resultaten. Dat hinget foar in grut part gear mei it waar. De kweker moat dêr hieltyd op ynspylje mei maatregels dy't dêrby passe. De resultaten fan dit eksperimint foar 2024, in wiet jier, wiene neffens Holtsema foldwaande goed.
By besite op it fjild sels, by de demo op 15 oktober 2025, die bliken dat de biten dit jier der moai dik by stiene en no yn de hjerst noch folop sûkers ûntwikkelje sille. Dat jildt sawol foar de gongber teelde sûkerbiten (as referinsje) as foar de sûkerbiten dêr't yn 2025 hast gjin fungisiden brûkt hoegden te wurden. .
Ein dit jier sil de ferwurker, Cosun Groningen, bepale wat de opbringsten fan Holtsema eksakt binne. Dan witte wy foar 100% seker oft it eksperimint genôch slagge is, ek mei folle minder fungisiden as gebrûklik. Mar Holtsema sjocht no al hiel tefreden nei de dikke biten op syn lân.