Om de beek Alddjip hinne, ek wol bekend as Koningsdiep of Boarne, leit it gebietsûntwikkelingsprojekt de Dulf-Mersken. Yn dit gebiet, tusken Beetstersweach, Nij Beets, Terwispel en De Tynje, wurkje we oan wetter en natuer binnen it Natuurnetwerk Nederland. Dat is in netwurk fan besteande en takomstige natuergebieten yn Nederlân. In part fan dit gebiet is ek ûnderdiel fan in Europeesk netwurk fan topnatuer: Natura 2000. Dat gebiet hjit Van Oordt’s Merksen. Om de bysûndere soarten, planten en bisten,  te beskermjen en fuort te sterkjen wurde dêr maatregels fan it Natura 2000 - behearplan útfiert.

Nij ynrjochtingsplan polder De Dulf-Janssenstichting en ynringearkomste

Op dit stuit wurkje wy oan in ynrjochtingsplan foar polder De Dulf-Janssenstichting. Dêrfoar hawwe wy yn 2021 al gearkomsten organisearre om mei ynbring fan grûneigeners, pachters, bewenners en organisaasjes ta earste sketsûntwerpen te kommen. Der leit no in konsept ynrjochtingsplan klear dy't wy graach mei jo diele wolle. Jo kinne it plan en de kaart hjirûnder downloade. Jo kinne ek fia ûndersteande knop oant en mei 31 july 2024 jo reaksje op it plan efterlitte. 

Fierderop op dizze webside fine jo mear ynformaasje oer de polder en de planûntwikkeling.

Jou jo reaksje op it ynrjochtingsplan

Een kaart met daarop het gebied Dulf-Mersken aangegeven

Doelen fan it projekt

Binnen gebiedsontwikkeling De Dulf-Mersken wurkje wy oan ferskillende doelen. Dat binne:

  • Ynrjochtsje fan nije natuer yn polder De Dulf en Janssenstichting
  • Ferminderjen fan ferdrûging yn it besteande Natura 2000-gebiet Van Oordt’s Mersken
  • Derfoar soargje dat wetter en (wetter)bisten fia de beek Alddjip wer ûnder de A7 troch kinne
  • Mear romte foar wetterberging
  • Herstel en ûntwikkeling fan wâlskanten
  • Ferfanging gemaal De Dulf
  • Rekreatyf meigebrûk dêr't mooglik ynpasse en ferbetterje

Yn it gebietspylje oare belangen. Bygelyks drinkwetterstân en sânwinning en agraryske en rekreative belangen.  Om de doelen te berikken wurkje wy gear mei alle belutsenen, ûnder oare terreinbehearders, Wetterskip Fryslân, LTO, Gemeente Opsterlân, ûndernimmers, partikuliere grûneigeners en omwenners.

Natuerherstel yn besteande natuerterreinen 

Binnen de besteande natuerterreinen oan de eastkant fan de A7 hawwe de grûneigeners al ferskate maatregels útfierd. Mei as doel safolle mooglik grûnwetter binnen it natuergebiet fêst te hâlden. Sa binne al in soad sleatten yn dit gebiet ûndjipper makke en wêr mooglik demme wêrtroch't se minder grûnwetter ôffiere. 

Water met pompeblêden en riet er om heen.
Keningsdjip ten easten fan de A7.

Beekdalherstel

Op dit stuit is der gjin ferbining tusken it Alddjip oan de west- en oan de eastkant fan de A7. De dyk soarget foar in 'knip' yn it Alddjip. Dêrom is yn 2015 al in dûker en faunapassaazje oanlein ûnder de A7. It is de bedoeling dat by de ynrjochting fan polder De Dulf-Janssenstichting as it wetter wer ûnder de A7 trochstreamt. Wy stribje dernei om dat yn de perioade 2025 -2027 te realisearjen. No wurdt it wetter fan de beek fia de Skipsleat ôffierd. Sadree't de nije ferbining klear is, wurdt de dûker iepenset en kin it wetter wer fia dit part fan it Alddjip streame. Sa wurdt de polder mei safolle mooglik beekwetter fuorre.

Sânwinplasse

Ien fan de maatregels út it Natura 2000 - behearplan is it ferheegjen fan it wetterpeil yn de besteande sânwinplasse by Nij Beets. Dit dogge wy yn oerlis mei de eksploitant fan de sânwinplasse.

As we it wetterpeil fan de sânwinplasse ferheegje, soarget dat foar tsjindruk op it grûnwetter (kwelwetter) dat djip yn de grûn sit. Hjirtroch sil it grûnwetterpeil yn it neistlizzende natuergebiet oan de eastkant fan de A7 yn drûge perioaden minder fier útsakje. Dit is posityf foar de bysûndere fegetaasje, blaugerslannen, yn it Natura 2000 gebiet. It stribjen is om in wetterpeil te ferheegjen nei -0,50 m NAP. Yn 2020 is it wetterpeil yn de sânwinplasse al mei tweintich sintimeter ferhege nei -1.125 m NAP. De hjoeddeistige wâlskant om de sânwinplasse hinne makket in fierdere peilferheging net mooglik. Dêrfoar sille de kaden earst heger wurde moatte. Om dit te berikken moat wetter oanfierd wurde nei de sânwinplasse. Foarútrinnend dêrop is yn 2022 in nije mjit - en regelkeardaam oanlein. Mei de regelstuw kin it hjoeddeiske peil ynsteld wurde, mar ek it takomstige peil as de wâlskant op hichte is. Mei de mjitkeardaam wurdt berekkene hoefolle wetter der út de plasse streamt.

Der wurdt noch ûndersyk dien hoe't der wetter oanfierd wurde kin nei de plasse, wêr wei en fia hokker rûte. Ek wurdt ûndersocht hokker ynfloed it oan te fieren wetter op de kwaliteit fan it wetter yn de sânwinplasse en it grûnwetter hawwe sil.

Een stuwdammetje in een sloot met daar grasvelden om heen.
Mjitstuw by de sânwinplasse
Water met aan de rand een plateau waar men op kan staan.
Regelstuw by de sânwinplasse

Polder De Dulf en Janssenstichting

Tegearre mei Wetterskip Fryslân en it terrein behearjende organisaasjes wurkje wy oan in ynrjochtingsplan foar de polder De Dulf-Janssenstichting. Yn earder tiden waard de polder fuorre mei wetter út it Alddjip wei. We wolle dit sa goed mooglik herstelle, sadat de polder wer út de beek fan wetter wei foarsjoen wurdt. Dit beekwetter is goed foar de natuerûntwikkeling yn de polder. De polder wurdt sa ynrjochte dat der yn alle perselen foldwaande wetter komt. De boppegrûn sil dêrtroch minder útdrûgje wat derfoar soarget dat de boaiem minder gau ynlinkt en de natuer yn de polder him herstelle en fierder ûntwikkelje kin. Ek wurdt de polder geskikt makke foar wetterberging by kalamiteiten yn tige wiete perioaden.

De Dulf fan it sânpaad ôf
Een zandpad tussen groene bermen met witte bloemetjes en rechts water
It sânpaad lâns de Nije Feart

Yn 2021 organisearren wy in tal ynringearkomsten dêr't wy yn petear giene mei grûneigeners, pachters, bewenners en organisaasjes. Dy binne yn it ‘ferslach fan ynringearkomsten 28 juny en 5 juny 2021’ fêstlein. Wêr mooglik binne dizze suggestjes yn it ynrjochtingsplan ferwurke.

De provinsje Fryslân fynt it kontakt mei de mienskip wichtich, dêrom beprate wy it konseptplan foar de ynrjochting graach op 'e nij mei jo. Yn july 2024 kinne jo it konsept ynrjochtingsplan besjen en jo reaksje efterlitte (mear ynformaasje fine jo boppe-oan dizze side). De planning is dat it ynrjochtingsplan yn it neijier fan 2024 definityf fêststeld wurdt.

Mear ynformaasje oer de takomstige ynrjochting fan polder de Dulf en de Janssenstichting fine jo yn ûndersteande dokuminten.

Sloot met riet en pompeblêden.
Sleat yn De Dulf-Janssenstichting

Gearwurking

De provinsje Fryslân wurket mei ferskate partijen gear oan de ynrjochting fan it gebiet. Dit binne ûnder oare Wetterskip Fryslân, de Cornelia Stichting, Vitens, gemeente Opsterlân, LTO en Steatsboskbehear.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling De Dulf-Mersken of oer de bylagen? Dan kinne jo it Klantcontactcentrum telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.

Lêste update: 9 juli 2024