Dag van het Koor: de krêft fan mei-inoar sjonge by ús eigen provinsjekoar

Miskien hast se wolris heard mei in krystfiering, by in pensjonearringsôfskied fan in kollega of by in aubade by de foardoar fan it Provinsjehûs: ús eigen provinsjekoar. In groep kollega’s dy't neist har deistich wurk, alle tiisdeis yn it skoft gearkomt om mei-inoar te sjongen. Op 14 desimber is de Dag van het Koor en dêrom gie ik yn petear mei twa fan ús koarleden: Hanneke Godthelp en Joke Corporaal.

In spontane start én in bliuwende tradysje

It provinsjale koar is om 1998 hinne oprjochte nei in slagge optreden by it ôfskied fan in kollega. Dit klonk bêst goed en it wie sa aardich om te dwaan, kinne we dit net faker dwaan? En sa ûntstie nei in spontaan optreden ús provinsjale koar. Hiel wat jierren fersoarge dit koar ferskate optredens. It mei-inoar sjongen befoel sa goed dat minsken ek nei harren pensjonearring soms lid bleaune fan it koar. Doe't dirigint Jeroen Helder twa jier lyn ophold nei tsien jier trouwe tsjinst, wie de fraach: geane we troch en hoe dan? It antwurd wie ja, mar dan wol oars, nammentlik projektmjittich. Joke: De kollega’s, mar wy sels trouwens ek, misten it sjongen en muzyk meitsjen. Sjongen ferbynt, It is sa bysûnder hoe’tst mei-inoar ien gehiel makkest, eat dat grutter is as dysels.’ Hanneke follet oan: “En dat jout enerzjy, harmony en it gefoel: dit moatte wy dielen bliuwe, mei én foar kollega's.” En dus makken Hanneke en Joke in projektplan en benaderen se in nije dirigint. It projektkoar, dat earst út it fitaliteitsbudzjet finansierd waard, luts in tal nije sjongers oan en de wille wie sa grut dat it koar sels ien projekt op eigen kosten fuortset hat. Foar it Krystprojekt krijt it koar wer in bydrage fan de direksje. Sûnt oardel jier stiet it koar ûnder lieding fan Mariette Hooftman. Oant foar koart wurke sy by Rho Advies op de Twibaksmerk, mar ek no't se mei pensjoen is komt se noch altyd graach nei Ljouwert om ús koar te dirigearjen.

 

Mei-inoar sjonge, ek sûnder ûnderfining (manlju wolkom!) 

It koar telt 14 fêste leden ferdield oer fjouwer stimgroepen: 5 sopranen, 5 alten, 2 tenoaren en 2 bassen. Dêrneist is der in fleksibele groep fan sa'n 7 kollega’s dy ’t graach oanslute sadree't harren aginda it talit. De groep bestiet út jong oant âlder, startende en mear betûfte sjongers, manlju en froulju: Elkenien is wolkom, mei óf sûnder sjongûnderfining. Hanneke:    “ Manlju binne noch yn de minderheid, dus it soe hielendal fantastysk wêze as der noch in pear tenoaren of bassen har oanmelde.” Dus bisto, of kensto in kollega dy ’t de lege of hege mannestim sjonge kin, meld dy oan! Joke: “Wy stribje dernei om alle jierren twa projekten te dwaan, in foarjiers- en in Krystprojekt. Mei Kryst sjonge wy fansels Krystferskes,  en dan besykje wy klassike ferskes dy’t elts meisjonge kin te kombinearjen mei wat minder bekende nûmers. It iennichste kritearium is dat wy it moai fine moatte om te sjongen, en dan hoopje wy fansels dat de kollega’s it ek moai fine om te hearren

De ferbinende krêft fan it koar 

Muzyk hat in bysûndere krêft: it ferbynt. It bringt emoasje, enerzjy en in gefoel fan it mei-inoar wêzen. Hanneke omskriuwt it treffend: “Learst kollega's kennen fan ôfdielingen dêr'tst oars mooglik net safolle mei te krijen hawwe soest. Ast inoar dan letter earne tsjinkomst, dan fielt it fuort as leit der al in lyntsje. Dat jildt foar oare koarleden mar ek foar kollega’s dy't komme te sjen by ús optredens. " Joke beneamt noch de sjongsneon. “By alle projekten heart ek in ‘zingzaterdag’ – gek eins, wy hawwe dat noch net in ‘sjongsneon’ neamd. Dan oefenje wy by ien thús of yn in tsjerke om’t it dêr sa moai klinkt. Sa hawwe wy 13 desimber oefene yn de tsjerke fan Lekkum. De akoestyk dêr is fansels hiel oars as yn it provinsjehûs, alles mingt wat makliker. Op sa’n dei oefenje wy in soad, mar hawwe wy it ek gesellich. Guon koarleden kinne hiel goed bakke en nimme wat lekkers mei. Dat giet der wol yn.”

Us koar rekket minsken 

As ik freegje nei reaksjes op harren optredens fertelle de froulju fol entûsjasme. ”Somtiden binne kollega’s yn triennen, dat is dochs prachtich dat wy mei ús sjongen minsken sa reitsje kinne! ” Direkteur Jelmer Algra siet ris mei oandacht op de trep by de Kommisjeseal te harkjen nei in optreden en belle doe fan de trep ôf syn frou op: “Moast ris hearre, dit is ús provinsjale koar. Dat is dochs fantastysk, wêr fynst soks!” Ek krije de koarleden regelmjittich fragen fan kollega's: wannear trede jimme wer op, dan set ik it fêst yn myn aginda. En âld-direkteur Arie Piet fersocht it koar by syn ôfskied fan de provinsje sels om te sjongen. En dat hawwe se ek dien! Hanneke en Joke glunderje: ”Dizze reaksjes, dêr wurde wy sa bliid fan!”

Wolst it koar yn aksje sjen? Besjoch dan dit filmke.