Brussel stimt yn mei Fryske kompensaasje- oanpak foar fernatten feangreiden Europeeske goedkarring makket wei frij foar peilferheging
Fryslân kin lang om let meters meitsje yn de oanpak fan boaiemdelgong en CO₂-útstjit yn it feangreidegebiet. De Europeeske Kommisje stimt yn mei de Compensatie Systematiek Veenweide (CSV). Mei dizze Fryske regeling kinne boeren kompensearre wurde foar de gefolgen fan hegere wetterpeilen, lykas weardedelgong fan grûn en minder opbringsten. It gebiet Aldeboarn-De Deelen Súd sil nei ferwachting as earste gebrûk meitsje kinne fan de regeling.
Neffens deputearre Friso Douwstra is de goedkarring út Brussel in wichtige mylpeal foar it Fryske Feangreideprogramma: “We binne der wiis mei dat de CSV lang om let goedkard is. Nei twa jier fan oerlizzen, ha wy no in ynstrumint beskikber dat ús helpt mei konkrete ferfolchstappen yn de kânsrike gebieten dêr’t boeren al tiden yn de startblokken steane. We binne grutsk op dit ynstrumint, dat mei en foar de boeren ûntwikkele is en ek yn Brussel erkend is. No’t de metodyk goedkard is, is it noch wichtiger dat ’t Ryk neist stikstof ek ynsetten bliuwt op de feangreide-gebietsprosessen.”
De CSV waard yn 2024 presintearre as in wichtich ynstrumint binnen it Feangreideprogramma 2021 -2030 ‘Foarút mei de Fryske Feangreiden’. Dat programma rjochtet him op it ferminderjen fan sawol boaiemdelgong as útstjit fan broeikasgas (CO2) troch de ôfbraak fan fean tsjin te gean. Ien fan de wichtichste maatregels dêrby is in bliuwende ferheging fan de grûnwetterpeilen. Bykommend effekt is dat it wieter meitsjen fan fean in wichtige bydrage leverje kin oan stikstofreduksje.
Duorsum perspektyf foar de lânbou
Dêrneist wurdt wurke oan in wettersysteem dat bestân is tsjin it feroarjende klimaat, in plus foar natuer en leefberens en in duorsum perspektyf foar de lânbou. Mei de CSV kinne de gefolgen fan peilferheging foar yndividuele bedriuwen yn it foar berekkene wurde. Dêrby wurdt bygelyks sjoen nei weardedelgong fan lânbougrûn, legere opbringsten en de mindere begeanberens foar fee en lânboumasines. Dizze effekten hawwe ynfloed op it ynkommen en fermogen fan boerebedriuwen.
Op basis fan in konkreet peilsenario krije boeren en grûneigeners foarôf ynsjoch yn de gefolgen foar harren bedriuw. Dêrtroch kinne sy goed ûnderboude karren meitsje oer harren takomstige bedriuwsfiering. Yn prinsipe kinne sy sels kieze oft sy kompensaasje krije yn jild of yn grûn.
Soarchfâldichheid
In bysûnder ûnderdiel fan de regeling is it saneamde Normaal Maatschappelijk Risico. Boeren en grûneigeners drage dêrby sels 2 persint fan de skea. Omdat dit persintaazje leger leit as gebrûklik by it útkearen fan neidielkompensaasje, wie goedkarring fan de Europeeske Kommisje nedich yn ferbân mei de steatsstiperegels. De ôfrûne twa jier is der yntinsyf oerlis fierd tusken Brussel, Den Haag en it Fryske Feangreideprogramma. Hjoed kaam it oardiel dat dizze 2 persint tastien is en dat de regeling passend is. Trochdat de Europeeske Kommisje de regeling yn syn gehiel soarchfâldich beoardiele hat, is de CSV as metodyk tige sterk en betrouber.
Getest yn de praktyk
De CSV is tusken 2021 en 2024 ûntwikkele troch in wurkgroep yn opdracht fan it Fryske Feangreideprogramma. Yn dit programma wurkje de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, acht feangreidegemeenten en de lânbou- en natuerorganisaasjes gear. By de ûntwikkeling fan de CSV wie de agraryske sektor nau belutsen, nammentlik yn de foarm fan in Klankboerdgroep fan boeren út Idzegea en Tsjummearum De Deelen. Yn 2023 is de systematyk al test yn in praktyksimulaasje yn De Deelen en hat in ûnôfhinklike advyskommisje fan eksperts it BOF (Bestjoerlik Oerlis Feangreide) advisearre oer de tapasberens fan de CSV foar it berikken fan in duorsum takomstperspektyf foar de lânbou.
Aldeboarn-De Deelen Súd wurdt no nei alle gedachten it earste gebiet dêr't de regeling echt tapast wurde kin. Dit gebiet stiet yn de startblokken. De provinsje hat hjirfoar de ôfrûne jierren al grûn oankocht en jild út ryksregelingen reservearre. De gebietskommisje hat in peilsenario oplevere. No't de goedkarring der leit kinne wy oan de slach.
Deistich bestjoerder Gerben de Boer fan Wetterskip Fryslân: “It is geweldich nijs dat wy hjirre no echt begjinne kinne mei it ferheegjen fan de peilen, sadat wy ús wettersysteem klimaatbestindich ynrjochtsje kinne.” Om de CSV ek yn oare gebieten brûke te kinnen, is ryksjild nedich, seit De Boer mei klam: “Mei de goedkarring foar de CSV binne al ús soargen net weinommen. Om’t der de lêste jierren gauris wat feroare is oan it finânsjele perspektyf foar de feangreiden, ha we minder dwaan kind, as dat wy woenen. Yn de nije stikstofplannen út De Haach wei, steane ús gebietsprosessen ek wer oan de sydline. Dat sjit net op.”
Soad belangstelling foar de metodyk
De CSV is ûntwurpen om brûkt te wurden yn de ferskate kânsrike gebieten yn it Fryske feangreidegebiet, mar kin ek rekkenje op de ynteresse fan oare provinsjes. Benammen út Utrecht, Noard-Hollân, Oerisel en Brabân wei is der belangstelling. Mei oanpassingen liket de metoade ek geskikt foar feangebieten op oare plakken yn Nederlân en Europa en foar situaasjes wêryn't oare maatregels beheiningen opsmite foar lânbougrûn.
Katalysator
Lânboufertsjintwurdiger Geart Benedictus neamt de goedkarring in boppeslach foar de boeren, oerheden en de natuer. “Mei grutte tank oan alle partijen, mar spesjaal oan de boeren en saakkundigen dy't hjir foar yn it spier west ha. Wy witte no yn it foar wat de skea is by ferheging fan it peil. Dy skea kin kompinsearre wurde yn jild en/of grûn. De CSV kin de katalysator wêze fan de gebietsprosessen, mar dan moat der wol jild wêze fansels.”