Belied en behearplan

It provinsjale guozzebelied stiet yn paragraaf 8.2 fan de Nota Faunabelied Fryslân. Hjiryn stiet hoe't de provinsje omgiet mei yn it wyld libjende bisten. Dêrby hâldt de provinsje rekken mei de belangen fan natuer, lânbou, feiligens en leefomjouwing.

De provinsje Fryslân wurket by de útfiering fan it guozzebelied nau gear mei de Faunabeheereenheid Fryslân (FBE). De provinsje stelt de beliedsmjittige en wetlike kaders fêst. De FBE wurket dy ramten út yn it faunabehearplan en koördinearret de útfiering dêrfan. 

De útwurking fan it belied foar guozzen is fêstlein yn it Faunabeheerplan Ganzen Fryslân 2024 – 2029. Hjiryn stiet hokker maatregels mooglik binne, hoe't dy útfierd wurde en hoe't de resultaten folge wurde. 

Alle jierren wurdt in jierberjocht opsteld mei de feitlike kearnsifers fan de Fryske guozze-oanpak. It jierberjocht jout in byld fan de ûntwikkelingen yn de oantallen guozzen, guozzeskea, ferjaging en ôfskot.

Dokuminten