Hermeandering fan de Lende giet foarspoedich

It folgjende briedseizoen sit der wer oan te kommen, we binne der hast klear foar. De oannimmer hat it ôfrûne seizoen hurd wurke om in oantal saken ôf te sluten yn de beekdelling fan de Linde. De meanders binne hast klear en der is wurke oan de fytsbrêgen en damwanden. Om dy wurksumheden goed en feilich út te fieren, is it fyts - en kuierpaad lâns de Lende ôfsletten. It stribjen wie om 13 maart 2026 klear te wêzen, dit is net slagge.

Een rivier meandert door de groene weilanden.

Omlieding fytspaad lâns de Lende duorret oant 11 april

It fyts - en kuierpaad tusken de Hemweg en Vinkegavaartweg is noch oant 11 april 2026 ôfsletten. De oannimmer hat ekstra tiid nedich om de fytsbrêgen te pleatsen en gebrûksklear te meitsjen foar de fytsers en kuierders yn it Beekdal Linde gebiet. Fia in omlieding komme jo dochs noch út by de Hemweg, Buitenweg en Hoeveweg. Sjoch foar de goede omliedingsrûte de ûndersteande kaartsjes. Op 'e fyts binne jo sa'n 15 minuten langer ûnderweis as oars. 

Hawwe jo fragen oer de omlieding fan it fyts- en kuierpaad? Nim gerêst kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl of telefoannûmer 058 - 292 59 25.

Missing media-item.
Kaartsje mei de ôfsluting fan it fytspaad.
Missing media-item.
Kaartsje mei de omlieding.

Unfoarsjoene fertraging pleatse fytsbrêgen

De tydlike brêge by de sydsleat is ôfbrutsen en hjir wurde twa nije fytsbrêgen pleatst. De waarsomstannichheden fan de ôfrûne tiid hawwe derfoar soarge dat de grûn - en fundearringswurksumheden foar de fytsbrêgen langer duorren as ferwachte. Ek is de produksje fan de brêgen fertrage, wêrtroch't dy letter levere binne. Underwilens wurket it maitiidswaar goed mei, binne de fytsbrêgen levere en kinne jo fan 11 april ôf wer genietsje fan de natuer by de Lende del.

It goede nijs is dat jo yn de ôftraptocht fan it fytsseizoen yn Weststellingwerf op 1 april o.s., ticht by de wurksumheden del laat wurde. Under it genot fan in lytse fersnapearring fertelt ús oannimmer jo graach oer it wurk. Jo kinne jo fergees opjaan foar de fytstocht fia www.doortrappen.frl

Wurkje yn besteand natuergebiet 

Yn de ôfrûne moannen is in soad wurk ferset. Sa binne der beammen en boskskea op de âlde meanders fuorthelle en nije meanders en petgatten groeven. Wurkje yn in besteand natuergebiet freget om in soarchfâldige wurkwize dy't de natuer sa min mooglik fersteurd. Yn it briedseizoen binne der bygelyks allinnich wurksumheden dien dy't net fersteurend wurken op de fûgels en oare bisten. Mar ek it ôffieren fan de frijkommen grûn giet fia in buizestelsel, yn stee fan mei de boat of frachtwein. Dit beheint it tal ferfiersbewegings en soarget dat de fersteuring effekt hat op in lytser gebiet. 

De wurksumheden fiere wy út ûnder begelieding fan in ekolooch en tegearre mei de terreineigener It Fryske Gea. De oannimmer, ekolooch en de terreinbehearder stimme wykliks ôf. De ekolooch hâldt de sekuer yn de gaten hoe't it mei de natuer en de bisten yn it gebiet giet, jout gebieten frij en treft wêr mooglik maatregels om de fersteuring ta in minimum te beheinen. Om de simmer hinne sjocht de ekolooch wer yn it gebiet, om grien ljocht te jaan foar it ferfolch fan de wurksumheden. 

Landschap met op de voorgrond water en dikke wolken in de lucht.

Herstellend fermogen fan de natuer 

Lange tiid like it gebiet krekt in soarte fan moannelânskip. Swarte bulten grûn bepaalden it byld. Dat makke it somtiden bêst dreech foar omwenners of rekreanten om harren yn te bylden dat it beeksysteem him yn de kommende jierren wer werstelt. Dochs is dat ús ûnderfining. Spoaren fan de útfiering ferdwine en de oarspronklike natuer nimt it wer oer.

Wy hâlde jo graach op'e hichte fan de ûntjouwingen. Jo kinne jo ynskriuwe foar ús digitale nijsbrief fia de blauwe knop ûnderoan dizze side.

Een vader staat te vissen met zijn beide zonen.

Fersterkje fan de Beekdal fan De Lende 

Al fan 2006 ôf wurkje wy om de beek De Lende (Stellingwerfsk foar De Linde) oan it fersterkjen fan de beekdelling. Dat dogge wy op it mêd fan natuer, wetter, lânbou, lânskip en rekreaasje. 

De Gebietskommisje Beekdal Linde wurket yn opdracht fan de provinsje Fryslân en yn `e mande mei de streek, oan dit gebietsûntwikkelingsprojekt. De kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan natuer - en miljeuorganisaasjes, LTO Noard en de Feriening lytse doarpen. Oare wichtige gearwurkingspartners binne Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, Steatsboskbehear en gemeente Weststellingwerf. By it meitsjen fan de plannen is mei-inoar hieltyd sjoen nei de histoarje fan it gebiet en wat it gebiet nedich hat of brûke kin op it mêd fan natuer, wetter, lânbou, lânskip en rekreaasje. 

De gebietsûntwikkeling Beekdal Linde bestiet út allegearre dielprojekten. Op dit stuit wurkje wy oan de 'Hermeandering' fan De Lende, dat op 14 novimber 2024 offisjeel úteinset is. De wurksumheden binne mids 2026 klear en fine plak tusken de Noordwooldervaort en de A32.

Hokker dielprojekten binne klear? 

Yn de ôfrûne jierren binne de ûndersteande dielprojekten ôfrûne. Wat is dêr allegearre ynrjochte en ferbettere? 

  1. Gebiet Ter Schure: Leit tusken it natuerreservaat De Lendevallei en polder Scheltinga. Fanâlds wie dit turfgebiet en dêrnei waard it lânbougrûn. Troch it iten yn'e grûn te ferminderjen en in sleat te dimpen sadat wetter langer fêstholden wurdt, groeit der no unike natuer. Lykas krûd- en faunaryk greidlân, fochtich healân en heide.
  2. In stik natuergrûn by De Hoeve: Hjir is in blommeryk lânskip ûntstien, troch it werombringen fan twa âlde beekkronkels. De histoarje is nij libben ynblaasd mei it werstellen fan seis petgatten en tuskenlizzende lisikkers. Op de lisikkers lei fanâlds turf te drûgjen. Sleatten binne ferondjipt, wâlkanten breder makke, greppels útgroeven en agraryske perselen ferbettere. Der is mear krûd- en faunaryk gerslân.
  3. Fytspaad De Hoeve en mear: Yn 2021 is it fytspaad lâns De Lende tusken de Vinkegavaartweg by De Hoeve en de Domeinenwei by De Blesse oanpast. Westlik fan de Wetering rint it fytspaad troch it natuergebiet fan It Fryske Gea, mei as doel om de natuer - en lânskipsbelibbing fan fytsers te fersterkjen. Tagelyk binne op trije plakken âlde meanders (beekkronkels) fan De Lende op'e nij werombrocht. De beek en it fytspaad slingerje no tegearre troch it lânskip. It grutste part is ynrjochte as natuergebiet en stiet yn iepen ferbining mei de beek. Hjirtroch kin mear wetter op it lân rinne, dêr't ferskate planten en bisten fan profitearje.
  4. Polder IJkenverlaat: Der is in meander (kronkeling) oan de noardkant fan De Lende makke, mei in natuerfreonlike wâlskant lâns de middensleat. In kantelstuw helpt om it wetterpeil te regeljen. Omdat in keardaam in barriêre is foar fisken, is der in fiskpassaazje makke. Dy helpt de fisken om it wetterpeilferskil te oerbrêgjen en tsjin de stream yn te swimmen. En jo kinne de fisken dêrtroch ek noch goed besjen.
  5. De Stuttebosch: Is it gebiet by de ‘Bekhofskaansk’, eastlik fan Aldeberkeap. It parkearplak is ferpleatst wêrtroch it kuierpaad no troch de bosk, oer de skâns rjochting de Lende rint. Folgje jo it paad dan komme jo by de keardaam mei in v-foarmige bekkentrep fiskpassaazje. It lêste part fan it fytspaad rjochting de Bekhof, is ferhurde en de berikberens fan de kuierpaden en perselen is ferbettere. By de skâns wurde noch twa ynformaasjebuorden pleatst, mei nijsgjirrichheden oer it gebiet.

Underdiel fan it Natuurnetwerk Nederland 

It plan, om it Beekdal fan De Lende te fersterkjen, komt net samar út de loft fallen. Yn Nederlân fine wy natuerûntwikkeling hieltyd wichtiger. Sûnt 2014 binne alle provinsjes ferantwurdlik foar de fierdere ûntwikkeling fan it Natuurnetwerk Nederland. Dit is in netwurk fan natuergebieten dy't al ynrjochte binne of noch ynrjochte wurde moatte. Yn Fryslân drage wy hjir ek oan by en de gebietsûntwikkeling Beekdal Linde is dêr ûnderdiel fan. 

Besteande natuergebieten wurde op dy wize mei-inoar ferbûn. Sa ûntstiet in sterk netwurk wier: 

  • Bistesoarten maklik fan it iene nei it oare gebiet gean kinne.
  • De plantesoarten better groeie en bloeie. Planten dy't der fanâlds wiene, komme faak sels werom yn in gebiet.
  • It oerflakte- en grûnwetter skjin en ekologysk sûn is.

Nijsbrief

Wolle jo tenei oer de mail op 'e hichte bliuwe oer de plannen en wurksumheden yn it Beekdal Linde gebiet? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.

Oanmelde digitale nijsbrief

Dit projekt wurdt meifinansierd troch:

Logo Europees Landbouwfonds. Een blauw vlak met 12 gele sterren in een rondje met daaronder de tekst: Europees Landbouwfonds voor Plattelandsontwikkeling: Europa investeert in zijn platteland.