Alde Feanen
Alde Feanen leit yn it midden fan de provinsje Fryslân en falt binnen trije gemeenten: Smellingerlân, Ljouwert en Tytsjerksteradiel. It bestiet foar in grut part út leechfeanmoeras mei marren, feanplassen, petgatten, trilfeanen, reidlannen, dotterblomhealannen en moerasbosken. It gebiet hat seldsume floara en fauna. Dêrom is it oanmurken as Natura 2000 gebiet en ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN ), foarhinne de Ekologyske Haadstruktuer (EHS). Boppedat is it ûnderdiel fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen.
Alde Feanen is in moai en alsidich gebiet dêr't meardere funksjes yn byinoar komme: wetter, lânbou, natuer en rekreaasje. It stribjen is dat dy funksjes inoar gjin oerlêst besoargje, mar krekt njonken en mei-inoar besteane. Binnen de gebietsûntwikkeling binne dan ek maatregels keazen dy't de natuer en it belibjen fan de Alde Feanen fersterkje.
Op dizze webside kinne jo mear lêze oer de gebietsûntwikkeling Alde Feanen. Hokker wurksumheden binne der al útfierd en hokker plannen binne der noch, wat binne de taken foar de gebietskommisje en wa sitte der yn de kommisje. Dêrneist wurdt koart stilstien by de gearhing mei de Regio Deal Súdeast Fryslân en de útfiering fan it LIFE+ projekt ‘Booming Business’, dat wilens min ofte mear ôfsletten is.
Ramtplan Werynrjochting Alde Feanen
De Werynrjochtingskommisje makke tusken 1997 en 2004 it Ramtplan Werynrjochting Alde Feanen yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Deputearre Steaten stelde it yn 2004 fêst. Yn it Ramtplan stiet wat de doelen foar it gebiet binne en wat de winske maatregels binne om de doelen te heljen. De opdracht fan Deputearre Steaten oan de gebietskommisje wie: Untwikkelje in folweardich leechfeanmoeras dat oanstjoerd wurdt troch in optimaal wetterbehearsysteem. Yn dat systeem moat romte wêze foar rekreatyf meigebrûk. De gebietskommisje fiert it ramtplan út troch it yn stikken op te dielen. Dy ûnderdielen hjitte útfieringsmodules.
De earste en twadde útfieringsmodule binne klear. De tredde útfieringsmodule is no yn útfiering en de fjirde is yn tarieding. Om alle maatregels út it Ramtplan te realisearjen kin der dêrnei noch opnij in module taret wurde. Fierderop yn de tekst stiet ynformaasje oer de útfieringsmodules.
Funksjeferoaring
In wichtich ûnderdiel fan de gebietsûntwikkeling is it omfoarmjen fan lânbougrûn nei natuer yn de dêrfoar beheinde gebieten yn it NNN. Dat kin op ferskate wizen, bygelyks troch oankeap of it ruiljen fan grûn, mar ek kinne eigeners sels kieze foar omskeakeling nei natuer, de saneamde funksjeferoaring. Binnen de gebietsûntwikkeling wurdt wurke op basis fan frijwilligens. Dat betsjut dat in eigener sels beslút oft hy dêroan meiwurkje wol of net.
Klik hjir om de ôfbielding te fergrutsjen.

Earste útfieringsmodule: It Pettebosk
De earste útfieringsmodule (2008) bestie út de oanlis fan it natueredukaasjebosk It Pettebosk. Dat is in stikje natuer yn De Alde Feanen mei in boartersbosk mei reidfjilden, boartersgreide en moerasbosk. Eins is dat de Alde Feanen yn it lyts sadat bern boartsjendewei yn ’e kunde komme kinne mei de natuer. Troch de natuerboarterstún is der foar bern in útdaagjende rûte útset mei ferskate toubrêgen, klimpeallen en in survivalbaan.
Twadde útfieringsmodule: Petgatten, farwegen en kuierpaden
Yn de twadde útfieringsmodule (2010-2014) binne der nije petgatten noardlik en noardeasten fan Earnewâld kaam. Yn totaal suveret no sa'n 400 hektare oan moeras- en petgatten it wetter út de Fryske boezem wei. Fierder wiene de maatregels rjochte op it ferminderjen fan ferdrûging, nije mooglikheden foar natuerûntwikkeling, wetterpeilen op maat en wetterberging en wetterkwaliteit. Dêrneist binne de farwegen foar lytse rekreaasjefeart útwreide en binne besteande kuierpaden opknapt.
Tredde útfieringsmodule: tsjingean ferdrûging
Ek yn de tredde útfieringsmodule (2014-2023) is it tsjingean fan ferdrûging fan it bysûndere leechfean yn de Alde Feanen in wichtich doel. Behâld en fierdere ûntwikkeling fan de besteande natuergebieten stiet sintraal. En dêrneist foarsjenningen dy't it mooglik meitsje om fan it gebiet te genietsjen. De tredde útfieringsmodule omfettet hast 600 hektare en is no yn útfiering. Op ‘e kaart hjirûnder wurde de maatregels yn it koart beskreaun. Foar mear ynformaasje kinne jo hjir It rapport ynsjen.

Klik hjir foar in grutte ôfbielding.
Der is ek in filmke makke:
Wat noch oerbliuwt
Neidat de útfiering fan de tredde module klear is, is it grutste part fan it Ramtplan realisearre. In part fan it gebiet, noardeastlik fan Earnewâld, is dan noch net ynrjochte. Lykas by it ûnderwerp Funksjeferoaring al oanjûn is wurket de gebietskommisje op basis fan frijwilligens en in gebiet kin pas omfoarme wurde as dy eigener meiwurkje wol oan funksjeferoaring, of troch ferkeap of troch partikulier natuerbehear. Underwilens is der in part fan it gebiet oankocht en is de kommisje úteinset mei de tarieding foar in fjirde útfieringsmodule.
De fjirde útfieringsmodule rjochtet him primêr op ferbettering en fersterking fan it N2000 gebiet en dêrnjonken ek op de ûntwikkeling fan natuerwearden yn it gebiet. Foar 67 hektare noardeastlik fan Earnewâld, tusken de Koaidyk en de Alle-om-e-Slachte en de neistlizzende Koloanjes, binne doelstellings op it mêd fan natuerûntwikkeling. Yn de praktyk betsjut dat oanpassings yn de wetterhúshâlding om de goede kondysjes foar natuer te krijen. Rekreatyf meigebrûk wurdt ûnder betingsten tastien yn de natuer; in winsk is in kuierferbining tusken de Koaidyk en Alle-om-e-Slachte. By alles moat rekken holden wurde mei de effekten op 'e omkriten, sawol op de neistlizzende natuergebieten as ek op 'e lânbougrûnen, diken en gebouwen. Yn it plangebiet leit ek it hiem en de gebouwen fan in earder lânboubedriuw. Underdiel fan de planfoarming is ûndersyk nei de takomstmooglikheden foar dy gebouwen. Hokker bestimming past dêr it bêste en ûnder hokker betingsten kin dat ferkocht wurde.
Dizze module sit op it stuit yn planfoarmingsfaze. Sadree't de plannen útwurke binne, wurdt de ynformaasje op dizze webside oanfolle. De minsken dy’t it daliks oangiet wurde yn dy perioade ek neier ynformearre.
Regio Deal Zuidoost Friesland
Yn de Regio Deal wurket Súdeast Fryslân oan it fersterkjen fan de pylders fitale kearnen en fearkrêftich lânskip. Ryk en regio ynvestearje mei-inoar 30 miljoen yn de regio Súdeast Fryslân, yn de saneamde Regio Deal. Gebietsûntwikkeling Alde Feanen ûntfangt ek jild út de Regio Deal wei, foar maatregels dy't derfoar soargje dat der in fearkrêftich lânskip ûntstiet; in lânskip dêr't it bioferskaat fan it feanlânskip fierder yn fersterke wurdt.
Yn it gebiet wurde yn it ramt fan de gebietsûntwikkeling al ferskate wurksumheden útfierd om de natuer te fersterkjen en ek om de natuer te belibjen. Njonken dy maatregels is der ferlet fan noch mear mooglikheden foar rekreaasje yn de foarm fan lân- en wetterrekreaasje en binne der winsken foar ferbettering fan de ferkearsfeiligens. De Regiodeal biedt dêr ekstra mooglikheden foar. Sa binne der maatregels útwurke foar oanpassingen oan it dykprofyl fan de Wolwarren. Mei it doel de ferkearsfeiligens te ferbetterjen en mear oan te sluten by de kultuerhistoaryske útstrieling. Fierder wurde foarsjenningen foar it ferbetterjen fan it parkearjen foarsteld tichteby de Headammen en yn de Jan Durkspolder komt in fûgeleilân, krijt de plande fûgelsjochhut in upgrade en wurde de kuierpaden ferbettere. De dyk noardlik fan de Jan Durkspolder sil ek oanpakt wurde, sadat in goede ûntsluting hjir ek yn de takomst mooglik bliuwt. Ta beslút wurdt der wurke oan in pakket dat foarearst 'Waterrijk Westersanning' neamd wurdt. It doel dêrfan is it fuortsterkjen fan bioferskaat yn kombinaasje mei ûndersyk en ynformaasjefoarsjenning.
Dêr is yn novimber 2021 in filmke oer makke.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.regiodealzuidoostfriesland.nl(eksterne link)
LIFE+ projekt ‘ Booming Business’
It LIFE+ projekt ‘ Booming Business’ is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert, It Fryske Gea, STOWA en Wetterskip Fryslân. Mei ferskate maatregels moat 'Booming Business' soargje foar behâld en ferbettering fan de natuer yn De Alde Feanen. Ek ferbetteret it de befarberheid foar rekreanten. Dit projekt is ta stân kaam mei in finansjele bydrage fan LIFE+, it finansieringsynstrumint fan de Europeeske Uny foar it yn stân hâlden fan Natura-2000 gebieten. It projekt is op 3 septimber 2013 úteinset en is wilens, op inkelde administrative hannelingen nei, klear.
Gebietskommisje
Yn opdracht fan de provinsje Fryslân advisearret de gebietskommisje oer de ynrjochting fan it gebiet en de útfiering. Yn ‘e kommisje sitte fertsjintwurdigers fan natuerbeskerming, wetterskip, rekreaasje en lânbou, mei ôffurdigen fan de provinsje Fryslân en de gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. Dêrby is ôfstimming mei de ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet fan grut belang.
De leden fan de gebietskommisje binne:
- Frou A. Rispens, foarsitter
- Frou. M. van der Steeg sekretaris
- A. Veldboom
- Frou F. Grijpstra
- J.J. de Jong
- H. Sikkema
- D. Visser
- E. Bos
- Dhr. W. Jans.
Gearwurkingspartners
De provinsje Fryslân wurket yn dit projekt gear mei Wetterskip Fryslân, de gemeenten Tytsjerksteradiel, Smellingerlân en Ljouwert, It Fryske Gea, Fryske Miljeu Federaasje en LTO Noard.
Kommunikaasje
It is wichtich om de streek by it foarmjen fan de plannen te beheljen. Sa hawwe kommisjeleden kontakt mei harren efterban, wurde der nijsbrieven ferstjoerd en organisearret de gebietskommisje ynringearkomsten foar belangstellenden, dêr't men de plannen besjen en winsken yn bringe kin. Direkt belutsen grûneigeners en pachters wurde útnûge foar in yndividueel petear.
Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan nijs oangeande de gebietsûntwikkeling? Meld jo oan foar de digitale nijsbrief.
Document
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling Alde Feanen? Dan kinne jo it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.