Aksjes yn 2025: húshâldingen stimulearje ta minder pestisidinten gebrûk
Yn de simmer fan 2025 wiene der twa kampanjes dy't ynwenners fan Fryslân útdage hawwe om by te dragen oan in sûne leefomjouwing:
- Jouw tuin gezond, jij gezond
In kampanje rjochte op it ophâlden fan it brûken fan pestisiden foar de eigen tún.By in ûndersyk troch RUG en FMF docht bliken dat it kennisnivo fan húshâldens better kin.
In soad tinke nammentlik dat sâlt en jittik “ natuerlike ” ferfangers fan pestisiden binne, mar dy kinne it boaiemlibben neidielich beynfloedzje. By de kampanje wiene der ûnder oare aktiviteiten yn de Fryske Bloei-sônes, kolleezje en dielname oan in beurs by Aeres.
Een vlo-vrij leven, pak jij het al slim aan?
Dizze kampanje giet oer tûk omgean mei flo-bestridingsmiddels en foarkomme dat it wetter fersmoarget en sa skea oanrjochtet oan it bioferskaat.De kampanje wie rjochte op bistedokters, trimsalons en oare húsdier-relatearre bedriuwen. Fia dy kanalen en ek fia Huis aan Huis-advertinsjes binne húsdier-eigeners benadere.
De provinsje en it Wetterskip hawwe hjirfoar gearwurke.
Hjirûnder byleine fan de ûnderskate middels, ûndersiken en resultaten.