Advizen Subsydzjeregeling Musea Fryslân 2026 -2028
Foaropwurd
Musea ferfolje in kaairol yn it kulturele en maatskiplike libben fan Fryslân. Se bewarje, ûndersykje, fertelle en fernije it ferhaal fan de provinsje en drage sa by oan identiteit, leefberens, edukaasje, oanlûkingskrêft en frijetiidsekonomy. Elk museum docht dat op syn eigen wize – bewoartele yn spesifike tema’s, ferbûn mei de mienskip en hieltyd faker yn dialooch mei de wrâld dêrbûten.
De advyskommisje Musea 2022 – 2028 (hjirnei: de kommisje) is bliid dat it provinsjaal kultuerbelied ynset op kwaliteit, mearstimmichheid en fernijing. De kommisje beskôget de musea as ûnmisbere skeakels yn it Ferhaal fan Fryslân, dêr’t natuer, lânskip, skiednis, wittenskip en keunst inoar yn fersterkje. De taheakke advizen foar de musea ûnderstreekje it ferskaat en krêft fan it Fryske museumfjild.
De kommisje hat de subsydzje-oanfragen sekuer beoardiele op ynhâldlike kwaliteit, maatskiplike betsjutting, tagonklikens en kultureel ûndernimmerskip. Dêrby hat ek omtinken west foar kwetsberheden, lykas fysike berikberens, sosjale tagonklikens, beheinde personiele kapasiteit en de groeiende druk op it frijwilligersnetwurk. De kommisje sprekt grutte wurdearring út foar de belutsenens, fearkrêft en profesjonaliteit wêrmei't musea, meiwurkers en frijwilligers har ynsette foar it behâld en de ûntwikkeling fan kultuer yn Fryslân.
In ryk fjild, mar in krappe jas
Fryslân hat in útsûnderlik ticht en alsidich museaal lânskip, mei goed 120 ynstellings dy't lokaal of tematysk bewoartele binne. De mearjierrige subsydzjeregeling fan de provinsje hat de ôfrûne jierren laat ta in weardefolle ympuls: sûnt 2021 ûntfange acht musea strukturele stipe, wat it fjild sawol ynhâldlik as organisatoarysk fersterke hat. Ek it iepenstellen fan de regeling foar nije musea hat bydroegen oan mear dynamyk en represintakten binnen it museale ekosysteem.
Dy ferbreding mei lykwols net ta skea gean fan besteande, bewiisd kwaliteit. Foar de kommende beliedsperioade is it beskikbere budzjet net genôch. Om álle musea dy't yn dizze ronde posityf beoardiele binne, honorearje te kinnen, is der in tekoart fan hast 1 miljoen euro. Sûnder opheging fan it subsydzjeplafond driget in ûnrjochtfeardige en skealike situaasje: musea dy't de ôfrûne jierren - nettsjinsteande de impact fan de coronakrisis - oertsjûgjend bewiisd hawwe wat se wurdich binne, falle dochs bûten de regeling.
Trije musea yllustrearje dizze pynlike realiteit: Museum Hindeloopen en it Fries Landbouwmuseum skoare ex aequo yn de neffens de kaderregeling makke rangskikking, mar kinne budzjettêr net beide honorearre wurde. Ek foar it Kazemattenmuseum is gjin budzjet beskikber, wylst dit museum no wol oan de stelde easken foldocht. Alle trije ynstellingen foldiene yn in eardere ronde net oan de kritearia, mar hawwe sûnt dy tiid in yndrukwekkende ûntwikkeling trochmakke. Se binne no beoardiele as subsydzje-weardich, mar lykje no fanwege it budzjettêre plafond net alle trije foar subsydzje yn oanmerking te kommen. De kommisje fynt it posityf dat de regeling iepensteld is foar nijkommers, mar achtet it net ferantwurde om dat te dwaan sûnder dêrby genôch middels beskikber te stellen foar nije oanfregers dy't harren plak ûnderwilens oertsjûgjend fertsjinne hawwe.
Oprop oan de provinsje
De kommisje docht in driuwende oprop oan it provinsjaal bestjoer: fergruttet it beskikbere subsydzjebudzjet. It op'e nij ferdielen fan deselde taart as fiif jier lyn, wylst it kulturele fjild oantoanber groeid is en ferbettere, is net hâldber. It giet ten koste fan musea dy't ûnderwilens ûnmisber binne foar it kulturele ûnthâld fan Fryslân.
In museale ynfrastruktuer freget om kontinuïteit, wurdearring én fyzje. Sûnder foldwaande finansjele stipe driget ôfkalving fan kwaliteit, ferlies fan opboude ekspertize en frustraasje by ynstellings dy't jierrenlang ynvestearre hawwe yn fernijing en fersterking. Net allinnich dizze musea soene dêr de dupe fan wurde; ek it publyk, it ûnderwiis en de Fryske mienskip as gehiel.
De kommisje fielt him ferantwurdlik foar de beoardieling fan kwaliteit en net foar de beheiningen fan in te krap budzjet. Se ropt de provinsje op om dizze ferantwurdlikheid wól te nimmen en derfoar te soargjen dat Fryslân ek de kommende jierren bouwen bliuwe kin oan in sterk, breed en op'e takomst rjochte museaal lânskip.
Ljouwert, juny 2025
De advyskommisje Musea 2020 -2028 bestiet út de neikommende leden:
Minke Schat (voorzitter)
Jan Folkerts
Nicolette Bartelink
Klaas Geert Schaafsma
Ynsjen rangskikking en advizen
De rangskikking en de yndividuele advizen foar dizze tenderregeling binne beskikber foar belanghawwenden.
Om soarchfâldige ferstrekking fan ynformaasje te garandearjen, kinne belanghawwenden dy stikken op fersyk by ús opfreegje.