Provinsje Fryslân lansearret plan fan oanpak foar stikstofreduksje en natuerherstel
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân hat it konsept-beliedsstik foar de Fryske Oanpak Stikstofreduksje & Natuerherstel fêststeld. Dêrmei is de provinsje in trajekt start om te kommen ta in droegen en útfierbere oanpak foar stikstofreduksje en natuerherstel yn Fryslân. Wichtige doelen binne it wer mooglik meitsjen fan fergunningferliening yn alle sektoaren en it realisearjen fan natuerherstel. De earste besprekking yn Provinsjale Steaten is op 15 april 2026. Dêrnei begjint in partisipaasjetrajekt wêryn't mei oerheden en relevante stakeholders fierder wurke wurdt oan de Fryske oanpak.
Deputearre Abel Kooistra: “Mei ynnovative maatregels, doelstjoering, mjitten en monitoarjen en frijwillichheid oant 2035, is myn oertsjûging dat de Fryske oanpak gear mei de sektoaren wurkje sil. Hjirby wachtsje wy net ôf. Wat no oppakt en fersulvere wurde kin, bart ek sadat fergunningferliening sa gau as mooglik op gong komt. De legalisaasje fan PAS-melders en ynterimmers hat dêrby ús heechste prioriteit. Sy fertsjinje as earste in oplossing."
Deputearre Matthijs de Vries: “Us doel is om de natuer te herstellen, natuerbehear te fersterkjen en Fryslân fan it stikstofslot te heljen. It plan fan oanpak jout rjochting en struktuer en is de start foar in gebietsrjochte oanpak. Wy sette aktyf yn op partisipaasje en gearwurking. Wy binne tefreden mei de reaksjes en bel
IPO-boustiennen en stikstofoanpak Den Haag binne útgongspunten
De IPO-boustiennen Natuer, Agrarysk Natuerbehear en Emissyreduksje Lânbou én de stikstofoanpak fan it Ryk foarmje wichtige útgongspunten foar de Fryske oanpak en binne nedich om de oanpak suksesfol wêze te litten.
De Fryske Oanpak slút oan op Utfieringsprogramma stikstof en FPLG
De Fryske Oanpak ferfangt it eardere provinsjale Utfieringsprogramma Stikstof Fryslân 2035 (UPS) op basis fan nije útgongspunten. Yn de oanpak krije eleminten út de opset fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) op 'e nij in plak en wurdt wêr mooglik oansletten op besteande opjeften en wurkwizen.
De Fryske Oanpak giet út fan stikstofreduksje en natuerherstel fia fjouwer spoaren:
- Ekstra natuerherstel(maatregels) yn alle Natura 2000-gebieten;
- Ekstra gebietsrjochte natuerherstelmaatregels bûten Natura 2000-gebieten;
- Ekstra stikstofreduksje yn stikstofgefoelige gebieten;
- Provinsje brede (generike) stikstofreduksje.
Trochsjoch planning en partisipaasjeproses
- 15 april 2026: Provinsjale Steaten beprate it earste konsept Fryske oanpak en jouwe Deputearre Steaten ynput mei foar it ferfolchtrajekt.
- Perioade 15 april-simmer 2026: partisipaasje mei gemeenten, Wetterskip, sektoaren, organisaasjes, kennisynstellings en gebieten om ta definitive oanpak te kommen.
- Simmer 2026: Provinsjale Steaten stelle Fryske Oanpak Stikstofreduksje & Natuerherstel fêst.
- Perioade septimber 2026 oant en mei 2027: opstellen útfieringsprogramma mei ynbring fan gemeenten, Wetterskip, sektoaren, organisaasjes en gebieten (hoe- fraach). En kontinuearje fan de hjoeddeiske ynset op maatregels.
- Fan 2028 ôf: brede start útfiering fan maatregels (of safolle earder as mooglik).
Provinsje set yn op gearwurking, partisipaasje en tematafels
De provinsje hat as foech stikstof- en natuerdoelen te realisearjen (de wat-fraach). Hoe't hjir ynfolling en útfiering oan jûn wurdt (de hoe-fraach) freget wat it kolleezje fan Deputearre Steaten oanbelanget in brede Fryske gearwurking en partisipaasje-oanpak.
Yn de wike fan 16 febrewaris 2026 waarden as earste stap sân tematafels organisearre. Dat wiene ynformearjende gearkomsten wêrby ferskate sektoaren harren earste winsken, betinkingen en kânsen oangeande natuerferbettering en it ferminderjen fan stikstofútstjit ynbringe koene. De resultaten fan de tematafels en reaksje fan de Provinsjale Kommisje Lanlik Gebiet wurde oan Provinsjale Steaten oanbean.
De sektoaren dy ’t yn de tematafels meiprate binne: Yndustry en Enerzjy, Logistyk-MobiliteitBou, Miljeu en Natuer, Oerheidspartners (provinsje, gemeenten, Wetterskip en buorprovinsjes), Kennisynstellings/eksterne saakkundigen, Lânbou en Gebietsinisjativen.