Ynternasjonale kontakten
Rjochtspersoanen mar ek net-rjochtspersoanen sûnder kommersjele ynstek kinne subsydzje oanfreegje foar Ynternasjonale kontakten. It giet om útwikselings en kulturele aktiviteiten dy't organisearre wurde tusken jonge Frysktaligen en Europeeske minderheidstaalgroepen. Der kin oanfrege wurde troch bygelyks skoallen (fuortset ûnderwiis, mbû, hbû), jonge teätermakkers, jonge skriuwers, jonge sjoernalisten, jonge filmmakkers, jonge dichters en jonge muzikanten.
De subsydzjeregeling is iepen fan 30 maart 2026 oant en mei 16 oktober 2026. It subsydzjeplafond is € 20.000,-.
Hichte fan it subsydzje
De neikommende kosten binne subsidiabel:
- a. Reiskosten foar learlingen, dosinten, muzikanten, dichters, skriuwers, teätermakkers foar maksimaal € 450,- de persoan, mei in maksimum fan € 4.500 de oanfraach;
- b. Ferbliuwskosten foar yn ‘e taalregio foar maksimaal € 80,- de nacht de persoan, mei in maksimum fan fjouwer nachten de persoan, mei in maksimum fan € 2.800;
- c. Kosten foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen foar maksimaal € 1.500,- de oanfraach.
Leankosten en kosten foar advystsjinsten binne net subsidiabel.
Betingsten
Lês de regeling goed troch foardat jo it oanfraachformulier yntsjinje. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 3.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.
Oanfraachformulier (folget 30 maart)
It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle nedige bylagen ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
- Projektplan (maks 40 mb) mei oa in taljochting op:
- de op te setten ynternasjonale aktiviteit;
- mei hokker doel de aktiviteit organisearre wurdt;
- planning fan de aktiviteit;
- it tal dielnimmers (hoefolle binne jonger en jonger as 30?). - Begrutting en dekkingsplan;
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
- By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt statuten).
Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of oer de e-mail fia provincie@fryslan.frl.