8273 ferhier stripen wâl, ûndergrûn wetter by stegers oan de Frentsjerter Feart te Reahûs

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan twa stripen wâl (bedriuwsmjittich), ûndergrûn fan ferskate stegers en wetter by dizze stegers yn en oan de Frentsjerter Feart, grinzjend oan it perseel, pleatselik bekend Camping de Finne, de Sânleansterdyk 6 te Reahûs, kadastraal bekend gemeente Oosterend, seksje F, nûmer 382, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.03 ha1.77.52 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.25 ha1.77.30 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.22 ha1.77.33 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.01.27 ha1.76.28 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.01 ha1.77.54 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.20 ha1.77.35 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.09 ha1.77.46 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.48 ha1.77.07 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.06 ha1.77.49 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.07 ha1.77.48 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.01 ha1.77.54 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.05 ha1.77.50 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.18 ha1.77.37 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.02 ha1.77.53 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.03 ha1.77.52 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.01 ha1.77.54 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.45 ha1.77.10 ha
OTE00F 002231.77.55 ha0.00.02 ha1.77.53 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

Destripen wâl, ûndergrûn fan de stegers en it wetter by de stegers leit yn en oan provinsjaal eigendom en grinzet (allinnich) oan it perseel fan hierder. De hierder wol de grûn en it wetter ynsette foar it gebrûk foar de camping op syn terrein. 

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar it hieren fan oanbelangjende (ûnder -) grûn / wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 13-06-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl