6074 Ferkeap grûn tichtby Ryksstrjitwei yn Haskerdiken

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, foar de ferkeap fan twa perselen grûn lizzend tichtby de Ryksstrjitwei yn Haskerdiken, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
ODB04F 009710.72.80 ha0.72.80 ha0.00.00 ha
ODB04F 009841.75.90 ha1.75.46 ha0.00.44 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de ûnderhavige grûn as húsgreide en hiem ûnderdiel útmakket fan it njonkenlizzende erfperseel fan keaper en it winsklik is de grûn fia syn erfperseel te ûntsluten nei de iepenbiere wei. 

Dêrby stelt keaper deunby eigen grûnen beskikber om in oaniensletten ruilkavel te kreëarjen. Hjirtroch hat de provinsje Fryslân noch in oanfoljende reden en belang om mei keaper in oerienkomst te sluten. 

De provinsje is koart fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tabedieling fan de oanbelangjende grûn..

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (22 augustus 2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear C.IJ. Hiemstra, berikber op 058 - 292 59 25 of c.hiemstra@fryslan.frl