6054 ferkeap stripe wâl oan De Lits te Eastermar

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in stripe wâl oan De Lits te Eastermar, grinzjend oan it perseel pleatselik bekend Elte Martens Beimastrjitte 1 te Eastermar, kadastraal bekend gemeente Oostermeer, seksje A, nûmer 984, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
OTM00K 018330.00.36 ha0.00.36 ha0.00.00 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is, omdat de oanbelangjende grûn fysyk ûnderdiel útmakket fan it eigen perseel fan keaper en de grûn allinnich fia syn perseel te berikken is. Keaper wol de wâl graach by it eigen hiem lûke en brûke as tún/hiem. 

De provinsje is koart fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (16-05-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou A. Atsma, berikber op  058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl