6048 ferkeap perseel wâl en 10913 ferhier ûndergrûn steger en wetter oan de Lits yn Eastermar

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel wâl (6048) en de ferhier fan in stripe ûndergrûn fan in steger en wetter by de steger (10913), grinzjend oan it perseel pleatselik bekend Elte Martens Beimastrjitte 2 te Eastermar, kadastraal bekend gemeente Eastermar, seksje A, nûmer 1364, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
OTM00K 01835 (koop)0.00.27 ha0.00.27 ha0.00.00 ha
OTM00K 01836 (huur)2.54.61 ha0.00.90 ha2.53.71 ha
OTM00K 01836 (huur)2.54.61 ha0.00.10 ha2.54.49 ha
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de te ferkeapjen grûn en de te ferhieren dielen ûndergrûn en wetter inkeld grinzje oan de perselen fan keaper en Provinsje Fryslân. Dêrom is de provinsje fan betinken dat inkeld keaper/hierder yn oanmerking komt foar oankeap fan de stripe grûn en it hieren fan de ûndergrûn fan de steger en in stripe wetter by dizze steiger. 

Keaper/hierder wol de grûn en it wetter brûke foar it oanlizzen fan in eigen rekreaasje boat. 

De provinsje is koart fan betinken dat de keaper/hierder de iennichste serieuze gadingmakker is foar de oankeap en it hieren fan de oanbelangjende grûn/ûndergrûn en it wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keap-/hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(09-05-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl