6044 ynbring twa perselen grûn oan de Bûtendiken yn Smelle Ie

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt twa perselen grûn oan de Bûtendiken yn Smelle Ie, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
BBG03F 002612.50.00 ha2.50.00 ha 
BBG03F 002462.62.90 ha2.62.90 ha 
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat de keaper in part fan syn perseel levert oan de provinsje Fryslân foar de realisaasje fan beliedsdoelen fan de provinsje Fryslân.

De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(18-04-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear Cor Hiemstra, berikber op 058 - 292 51 19 of c.hiemstra@fryslan.frl