5997 ynbring trije perselen grûn oan de Hamster Feart te Droegeham
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt trije perselen grûn oan de Hamster Feart te Droegeham, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| DGH00F 01584 | 0.95.30 ha | 0.09.55 ha | 0.85.75 ha |
| DGH00F 01582 | 1.37.90 ha | 0.10.02 ha | 1.27.88 ha |
| DGH00F 01486 | 1.98.30 ha | 0.03.32 ha | 1.94.98 ha |
| DGH00F 01582 | 1.37.90 ha | 0.10.02 ha | 1.27.88 ha |
| DGH00F 01486 | 1.98.30 ha | 0.03.32 ha | 1.94.98 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn in part is fan de oanlis fan in nij fytspaad troch de gemeente Achtkarspelen. Dêrom wurdt dizzze grûn ek levere oan de gemeente Achtkarspelen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(07-02-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
hear M. E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl