5993 it fêstigjen fan in opstalrjocht op in stripe grûn lâns de N31 te Garyp
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar it fêstigjen fan in opstalrjocht op in stripe grûn lâns de N 31 te Garyp foar it oanlizzen, hâlden, ûnderhâlden, wizigjen, útwreidzjen en ferfangen of fuort heljen fan ien of meardere midden spannings ferbinings en/of leechspanning ferbinings, en ek wurken foar telekommunikaasje mei fierder tabehearren, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| OTM00K 00804 | 0.52.40 ha | 0.00.39 ha | 0.52.01 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker omdat foar de nedige oanlis en/of útwreiding fan it enerzjy wurk kabels en liedingen oanbrocht wurde moatte en dat soks allinnich útfierd wurde kin troch de iennige netbehearder yn de regio.
De provinsje is koart fan betinken dat de netbehearder de iennige serieuze gadingmakker is foar it brûken fan opstalrjocht fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (07-02-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of sec_vastgoed@fryslan.frl