5847 ferkeap ien perseel westlik fan Sumar en ien perseel eastlik fan Sumarreheide
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan twa oerhoekjes grûn wêrfan de iene westlik fan Sumar en de oare eastlik fan Sumarreheide leit, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| BGM02H 03430 | 0.09.55 ha | 0.09.55 ha | |
| BGM02H 03649 | 0.03.50 ha | 0.03.50 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat it iene oerhoekje fysyk ûnderdiel útmakket fan it neistlizzende perseel fan keaper en de grûn allinnich fia syn perseel te berikken is en it oare oerhoekje leit fuort oan de iepenbiere dyk mei berm en giet om in lytse stripe bosk.
De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (21-02-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058-292 5010 of s.steringa@fryslan.frl