5003 ferkeap opstalrjocht gas folpunt oan de Snekertrekwei 31 te Ljouwert
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan it rjocht fan opstal foar het hâlden fan in gas folpunt oan de Snekertrekwei 31 te Ljouwert, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| LWD00G 18235 | 0.00.30 ha | 0.00.30 ha | |
| LWD00G 18236 | 0.02.25 ha | 0.02.25 ha | |
| LWD00G 18234 | 0.00.07 ha | 0.00.07 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat it opstalrjocht ferkocht wurdt oan de bleat eigener fan de ûndergrûn, sadat dizze it folle eigendom wer krijt oer it gehiel en dêrmei de lokaasje ynset wurde kin foar wer ûntwikkeling.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (28-02-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear J. Botke, berikber op 058 - 292 89 85 of j.botke@fryslan.frl