4947 ynbring perseel grûn oan de Wendel tichteby Burum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt in perseel grûn oan de Wendel tichteby Burum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
BRM02G 0043217.85.70 ha17.85.70 ha 
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn ferruile wurdt mei de provinsje Grinslân, dy't dizze grûn foar har eigen provinsjale doelen better brûke kin as de provinsje Fryslân. Provinsje Grinslân leveret hjirby grûn oan de provinsie Fryslân dy't neist grûn fan boeren yn Fryslân leit binnenyn yn it Natuer Netwurk Nederlân (NNN). Ien part fan dizze NNN-grûn is de lêste skeakel foar ynrjochting fan in dielgebiet yn it NNN-gebiet 'de Mieden'. Mei dizze ruiling hat de provinsje Fryslân sicht op realisaasje fan krúsjale lêste bunders.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(07-02-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

hear M. E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl