3820 ynbring ferskate kavels grûn tichteby Noardwâlde en De Hoeve
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt 1 kavel grûn oan de Noordwolderweg tichteby Noardwâlde, 2 kavels grûn oan de Oldeberkoperweg tichteby Noardwâlde (ynkl. rjocht fan paad), 3 kavels grûn oan de Kontermansweg tichteby De Hoeve, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| NWD02M 01494 | 5.32.30 ha | 5.32.30 ha | |
| NWD02O 00218 | 1.36.70 ha | 1.36.70 ha | |
| NWD02O 00252 | 1.96.60 ha | 1.96.60 ha | |
| NWD02O 00216 | 1.38.80 ha | 1.38.80 ha | |
| NWD02O 00217 | 0.99.90 ha | 0.99.90 ha | |
| NWD02O 01099 | 1.90.05 ha | 1.90.05 ha | |
| NWD02M 01999 | 0.00.09 ha | 0.00.09 ha | |
| NWD02M 02001 | 9.72.10 ha | 9.72.10 ha | |
| NWD02M 01996 | 0.05.55 ha | 0.05.55 ha | |
| NWD02N 01020 | 4.68.55 ha | 4.68.55 ha | |
| BDK00D 00109 | 1.05.10 ha | 1.05.10 ha | |
| BDK00D 00125 | 0.69.90 ha | 0.69.90 ha | |
| BDK00D 00126 | 1.50.70 ha | 1.50.70 ha | |
| BDK00D 01691 | 3.70.85 ha | 3.70.85 ha | |
| NWD02O 01173* | 3.45.90 ha | 0.92.69 ha | 2.53.21 ha |
* Kavel wordt geleverd incl. recht van pad om te komen en te gaan vanaf de openbare weg, welke loopt over NWD02O 01214, 01409, 00260 en het resterende deel van 01173.



Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat keaper sa'n 14,44 hektare grûn leveret lizzend yn it Natuer Netwurk Nederlân (NNN). Oanfoljend is keaper ferhierder, dy't ferskate partijen yn (erf)pacht grûnen ferpachtet. Troch it ferlizzen fan de (erf)pacht nei de perselen fan dizze publikaasje fynt foar alle 5 (erf)pachters fan de keaper in ferlytsing fan de ôfstân mei de bedriuw lokaasje plak. Dat leveret dus in signifikante lânbou struktuer ferbettering op. De provinsje is net fan betinken dat der foar dizze perselen (in) partij(en) is / binne dy ’t op syn minst 14,44 hektare beheinde NNN grûn ynbringe kinne, wêrby ’t der oanfoljend signifikante lânbou struktuer ferbettering plak fynt.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(28-02-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl