3. Natuer edukatyf tochten

Fia dizze side freegje jo as (waadrin)organisaasje of as persoan in fergunning oan foar it organisearjen fan natuer-edukative tochten foar groepen oant maksimaal 50 persoanen, ûnder begelieding fan in begelieder. Foar it begelieden fan natuer-edukative tochten is in aparte fergunning nedich (nûmer 4).
Yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân binne yn totaal 26 gebieten oanwiisd dêr't dizze tochten hâlden wurde meie. Yn jo oanfraach jouwe jo oan foar hokker gebieten jo in fergunning hawwe wolle. Op ûndersteande kaartsjes steane dizze 26 gebieten. By natuer-edukative tochten stean edukaasje en ûntspanning sintraal.
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo as organisaasje e-Herkenning nivo 2 + nedich en as persoan DigiD.
Goed om te witten
De fergunning dy 't jo oanfreegje is jildich oant 1 maart 2032. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet foar organisaasjes likernôch € 277,- en foar persoanen € 99,-. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Mochten jo foar dit jier in fergunning wolle, dan is dy fergunning jildich oant 1 maart 2026 mei dêrby de hjirboppe neamde leezjesbedraggen.
Help en Reddingsmiddelen
Ien fan de bylagen dy 't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help - en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy 't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach.
Foar elke groep moat meinommen wurde:
- in goed wurkjende telefoan (dat moat elke begelieder by him hawwe)
- in goed wurkjend horloazje
- in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
-
in oersjoch mei dêrop:
- datum en tiidstip tocht
- namme fergunninghâlder
- nammen en kontaktgegevens dielnimmers (nûmere oersjoch)
- nammen en kontaktgegevens begelieders (nûmere oersjoch)
- ien rêdingstekken de 12 persoanen
- in fluit dy't dúdlik hearre kin (dat moat elke begelieder by him drage)
- in dúdlike kaart mei dêrop oanjûn de grinzen fan it gebiet en de eventueel oanwêzige prielen/geulen en slykfjilden
- in goed wurkjend floeistof of digitaal kompas
-
EHBO-ferbanddoos:
- foarknipte pleisters
- betadine-joadium of oar wen-ûntsmettend middel
- snelferbân 12 x 12 en 18 x 18 sm of snelferbân op rol
- selkleavjende swachtels
- ferbânskjirre
- ankeltape
- paracetamol
- materiaal om in draachber mei te kreëarjen
As guon gegevens analooch / digitaal beskikber binne, is dat ek genôch.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl