10945 ferhier grûn oan de Hanebuert yn De Tynje

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in perseel grûn oan de Hanebuert 9 yn De Tynje, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
GRD00E 011781.34.47 ha1.34.47 ha0.00.00 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is. 

It oanbelangjende perseel hat in spesifike bestimming. Hierder hat in fergunning en is eigener fan it klupgebou op it terrein. De hierder wol it terrein brûken bliuwe as hune dressuer terrein.

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar it hieren fan it oanbelangjende perseel..

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (30-05-2026 Ljouwerter Krante) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

De hear C.IJ. Hiemstra, berikber op 058 - 292 59 25  of c.hiemstra@fryslan.frl  of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl