10881 ferhier ûndergrûn en wetter Juffersgat yn De Pein

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in steger en it wetter by dizze steger yn it Juffersgat yn De Pein, ta  hichte fan it perseel, pleatselik bekend Kanaelsloane 22 yn De Pein, kadastraal bekend gemeente Rottevalle, seksje B, nûmer 2735, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
RTV00B 020701.42.20 ha0.00.13 ha1.42.07 ha
RTV00B 020701.42.20 ha0.00.36 ha1.41.84 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it brûken fan de besteande steger ta hichte van it eigen perseel fan hierder. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger eventueel brûke foar it oanlizzen fan in eigen boat. 

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennichste serieuze gadingmakker is foar it hieren fan de oanbelangjende ûndergrûn/wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (02-05-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou A. Atsma, berikber op  058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl