10845 ferhier steger en wetter (ûndergrûn) by dizze steger oan Swemmerloane 2c te De Westereen
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan steger en wetter (ûndergrûn) by dizze steger, grinzjend oan it perseel pleatselik bekend Swemmerloane 2c te De Westereen, kadastraal bekend gemeente Veenwouden, seksje G, nûmer 6272, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| VWD01G 04937 | 1.71.20 ha | 0.00.46 ha | 1.70.74 ha |
| VWD01G 04937 | 1.71.20 ha | 0.00.18 ha | 1.71.02 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is. De ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter en grinzet inkeld en allinnich oan it perseel van hierder.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn fan- en wetter by de steger.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (11-04-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou C. Pietjou, berikber op 058 - 292 59 73 of c.pietjou@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl