10 jier Iepen Mienskipsfûns: ynvestearring yn 2.533 Fryske projekten

It Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân bestiet 10 jier. It fûns finansieret alle inisjativen fan ûnderop dy't droegen wurde troch frijwilligers en Fryslân moaier meitsje. Ta eare fan dit jubileum rikte deputearre Sijbe Knol in jubileummagazine út by it Frysk Fûnsen Forum. 

Om it 10 jier bestean fan it Iepen Mienskipsfûns te fieren oerlange deputearre Leefberens Sijbe Knol de earste ferzje fan it Iepen Mienskipsfûns jubileum magazine oan in frijwilliger dy't oanwêzich wie by it Frysk Fûnsen Forum. It Frysk Fûnsen Forum wurdt jierliks troch Keunstwurk, Doarpswurk en Sport Fryslân organisearre om frijwilligers mear paadwiis te meitsjen yn ferskate fûnsen en it tarieden fan oanfragen. 

Deputearre Knol: “De leefberens is de ôfrûne tsien jier op talleaze plakken fan ûnderop fersterke, mei moaie, konkrete en sichtbere resultaten. Der is yn Fryslân hast gjin doarp, stêd of eilân te finen dêr't it IMF net holpen hat om ideeën fan ûnderop fan de grûn te krijen.” 

2533 projekten krigen subsydzje 

Yn de perioade 2015 -2025 binne 2533 projekten troch de provinsje holpen mei subsydzje. Yn totaal hat de provinsje €37.172.294,- oan dy projekten útjûn. Dat is €55,87 de ynwenner. Mei oare fûnsen, partikulieren en oerheden tegearre ynvestearre €175.945.269,- yn dy projekten wat in ferdûbeler (multyplier) fan 4,73 fan de provinsjale middels opsmiet. Dêrmei finansieret de provinsje gemiddeld 22% fan in projekt. 

Oanfragen IMF Lyts en Grut 

Fan 14 septimber 9.00 oere ôf oant en mei 8 oktober 17.00 oere is it mooglik om wer subsydzje oan te freegjen foar it IMF Lyts en Grut 

Sjoch foar mear ynformaasje oer it IMF, de factsheets en IMF-projekten op 10 jier Iepen Mienskipfûns - motor efter 2.533 Fryske projekten | Fryslan