10 jier Iepen Mienskipfûns - motor efter 2.533 Fryske projekten

It Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân bestiet 10 jier. It fûns finansieret alle inisjativen fan ûnderen op dy't droegen wurde troch frijwilligers en Fryslân moaier meitsje. 

Wurkwize en wurking Iepen Mienskipsfûns 

It Iepen Mienskipsfûns is neist in subsydzjeregeling - dêr’t men 30% subsydzje oanfreegje kin mei in maksimaal bedrach oant € 50.000 - in wurkwize. Projektadviseurs ferdield oer fiif regio’s helpe frijwilligers mei it dwaan fan subsydzje-oanfragen en by it kommen fan “in idee nei “in plan mei in heldere begrutting mei dekking”. De provinsje is by dy projekten faak de earste finansier wêrtroch't oare fûnsen makliker meidogge mei in projekt en sa in gongmakker kreëarret. Ek soarget dizze wurkwize derfoar dat ferieningen en stichtingen dy't net folle ûnderfining hawwe mei it dwaan fan finansjele oanfragen dochs ek projekten realisearje kinne foar de doarpen, wiken en eilannen fan Fryslân. De Europeeske Kommisje draacht sûnt 2 jier it Iepen Mienskipsfûns oan as foarbyldwurkwize by oare lokale en regionale oerheden yn Europa wêrtroch’t de Provinsje hieltyd faker frege wurdt om te ynspirearjen en te helpen by it ynrjochtsjen fan fergelykbere ynstruminten. Ek helpt it Iepen Mienskipsfûns om de kleau tusken ynwenners en oerheden te ferlytsjen (Partoer - 2023). 

2533 projekten krigen subsydzje 

Mei-inoar binne yn de perioade 2015 -2025 2533 projekten troch de provinsje holpen mei subsydzje. Yn totaal hat de provinsje € 37.172.294 oan dy projekten útjûn. Dat is € 55,87 de ynwenner. Mei oare fûnsen, partikulieren en oerheden ynvestearre de provinsje € 175.945.269 yn dy projekten wat in fermannichfâldigingsfaktor (multyplier) fan 4,73 fan de provinsjale middels opsmiet. Dêrmei finansieret de provinsje yn trochsneed 22% fan in projekt. 

Hjirûnder treffe jo de faktsheets per gemeente/regio: