Yn de takomst wolle we graach mei alle gebouwen fan it gas ôf.

Jelle Boonstra is duorsumensadviseur by Proloog, de stichting dy't 23 basisskoallen yn en om Ljouwert ûnder syn behear hat. Dêrneist hat er syn eigen advysburo wêrmei't er ek oare skoallen fan duorsumensadvys foarsjocht. Nettsjinsteande dy kennis en ûnderfining wie it KlimOp-programma in wolkomme tafoeging.

Wat hat KlimOp foar jim dien?

“Ik tink dat de help fan KlimOp krekt it goede momint kaam. We moasten al dwaande mei it opstellen fan it Duorsum Mearjierreûnderhâldsplan, mar dêrfoar moatte je wol yn byld hawwe watfoar foarsjenningen je dan treffe wolle. Allinnich dêrby hat it programma ús al holpen. Mar troch it programma binne wy ek al lytse ferbetteringen trochfiere, wêrby'tst foaral tinke kinst oan it oerstappen op LED-ferljochting yn in soad fan ús gebouwen, it isolearjen fan liedingen yn de technyske romten en it wettersidich ynregeljen fan in tal ynstallaasjes. En omdat by in pear lokaasjes de cv-ynstallaasje technysk ôfskreaun wie, ha we sjoen oft we oerstappe koene op in hybride waarmtepompsysteem. It soe al hiel moai wêze as wy dat witte te realisearjen, want all-elektric is foar sokke gebouwen, dy't faak yn de tachtiger jierren boud binne en reedlik mar net tarikkend isolearre binne, te yngewikkeld.” 

Hawwe jimme in DIHP, oftewol in Duorsum Integraal Huisvestingsplan? Sa ja, hoe ferrûn it proses om dat op te stellen?

“De gemeente Ljouwert hat yngenieursburo ICS opdracht jûn om sa’n DHIP op te stellen, dus in ûnderhâldsplan foar in termyn fan sa'n tweintich jier, dêr't se no drok mei dwaande binne. Se hawwe mei alle skoalbestjoeren ynterviews hâlden en foar al dy skoallen in faktshjit, dus in dokumint mei alle wichtige gegevens fan in gebou lykas it stichtingsjier, de oerflakte der op, opsteld. In hiel soad ynformaasje dy't foar it opstellen fan dat faktshjit nedich wie, koene wy sa út it dashboard fan KlimOp opleppelje.”

Wêr binne jim yn dat proses tsjinoan rûn?

“We hawwe yn de ynterviews mei ICS oanjûn wêr't ús prioriteiten lizze, wat we sels graach wolle mei de gebouwen, mar út dy ynterviews is ús al wol dúdlik wurden dat it DHIP der aanst wol wêze kin, mar dat it noch in hiele put wurdt om de duorsume doelen finansiere te krijen.” 

Hoe komt dat? 

“Wy soene fan in tal skoallen bygelyks graach it binnenklimaat ferbetterje wolle. Mar sokke yngrepen kostje in soad jild. Jild dat benammen troch de gemeente opbrocht wurde moat. Mar dat jild wurdt ek wer troch it Ryk ta beskikking steld. En dy bedragen rinne werom. Dus it wurdt echt in útdaging om de ferduorsuming fergoede te krijen.” 

Hokker ambysjes hawwe jim oangeande de ferduorsuming fan jimme skoalgebouwen? Wat wolle jim de kommende jierren?

“Wy hawwe de ôfrûne jierren trije nije skoalgebouwen realisearre. Yn 2017 is bygelyks De Aventurijn iepene, dêrmei binne wy doe as ien fan de earste skoalgebouwen fan it gas ôfgien. Dêrnei binne wy by noch in pear gebouwen oerstapt fan it cv-tsjettel nei in allelectric-systeem. Dat gunne we yn de takomst alle gebouwen dy't ûnder ús falle, mei in sûn binneklimaat en in lege enerzjyrekken.” 

By de útwreiding fan de Olde Nije hawwe jim de skoalle all-electric makke. Kinst fertelle hoe't dat proses ferrûn is?

“De Oldenije wurdt no ferwaarme en eventueel kuolle troch middel fan in VRF-systeem, eat dat gewoanwei faak foar kantoarpannen ynset wurdt, mar dat wy in tal jierren tebek, yn gearwurking mei in ynstallateur, foar ús skoalgebouwen ynsetten binne. Eartiids wie de gemeente bouhear as der in nij skoalpân komme moast, mar wy hawwe op in bepaald stuit besletten om dy taak sels op ús te nimmen, wwêrtroch't we echt kieze koene foar VRF, want dat wie de earste kwestje dy't útsocht hawwe: wat is no in goed ynstallaasjesysteem foar in skoalle? Om dêr efter te kommen hawwe wy ek in hiel soad besteande skoallen besocht. Yn it koart: it wurket op loft, dus kinst hiel gau in pân ferwaarmje, kuolje mar ek fentilearje, én it is elektrysk. Benammen dat kuoljen is in grutte plus: der binne in hiel soad basisskoallen dy't dat net kinne, wêrtroch't de temepratuer yn de klassen faak flink oprinne kin. Mar in skoalle as De Oldenije kin dus kuolje, wêrtroch't ik bygelyks ferline jier in prachtich komplimint fan de direkteur krige, nammentlik dat de leararen leaver op skoalle bleaune yn stee fan nei hûs giene, omdat it der sa lekker koel wie. Wylst je yn in soad oare skoallen op dat stuit net wêze koene, sa hiet.” 

Mar je binne gjin foarstanner fan de tapassing fan bygelyks flierferwaarming?

“Nee, dat is ûngeskikt foar skoallen. Flierferwaarming stiet ynsteld op in fêste temepratuer en it kostet in soad tiid om der mei te fariearjen. Mar as moarns de kidneren binnekomme, dan nimme dy ek wer allegear waarmte mei nei binnen, want dat binne stik foar stik in soarte fan lytse kacheltsjes. Dus dan soene je de flierferwaarming nei ûnderen bringe moatte. VRF is dan folle makliker, dat bringst sa omleech of omheech. En it moaie derfan is ek dat je it per romte regelje kinne. Dus je soene, mochten je dat wolle, in romte kuolje kinne en in romte dy't dêrneist ferwaarmje kin. En dat giet mei oare skoalgebouwen faak mis, dat se de temepratuer de romte net regelje kinne en dat der in soad ferskil yn temperatuer is tusken de romten dy't oan de noard- of súdkant lein binne.” 

Hoe is it ierdgasfrij meitsjen fan De Oldenije yn syn wurk gien?

“Het belangrijkste was dat we er voor moesten zorgen dat er genog stroom beschikbaar zou zijn, want ook toen was er al een probleem met de stroomvoorziening in de stad. We zijn in gesprek gegaan met de stad en met Liander en dat heeft er toen in geresulteerd dat we een extra transformatorhuisje dichtbij de school mochten plaatsen. In soad wurk, mar it hat in flinke besparring opsmiten. En miljeutechnysk: wy moatte yn 2020 ‘Paris Proof’ wêze, mar de Oldenije foldocht dêr no al oan.” 

Hokker útdagingen sjochsto by it beheljen fan de klimaatambysjes foar de ûnderwiisportefúlje?

“Ik tink dan dochs foaral oan twa saken: jild, dus de beskikbere finânsjes om te ferduorsumjen, en op it twadde plak de mankrêft, dus fakminsken dy't al dy ambysjes ynlosse kinne. Se hawwe it allegearre smoardrok. It grutste obstakel bliuwt lykwols jild. Sa binne we no dwaande mei de ferduorsuming fan de Vossenburcht, in monumintaal pân. Dêr hiene we in begrutting foar fan oardel miljoen, mar we sitte no al op 2,3 miljoen. En dan moatte je dus karren meitsje en bygelyks dochs in hybride-systeem yn stee fan full-electric, want we kinne net alles dwaan. Dus myn boadskip oan de polityk is dus dat der folle mear jild by moat. Want se roppe wol fan alles, mar it kin op dizze wize net betelle wurde.”