Wurksumheden N359
De ôfrûne tiid hawwe wy op meardere plakken wurksumheden útfierd oan de provinsjale dyk tusken Boalsert en Warkum (N 359). Sa hawwe wy grut ûnderhâld útfierd en sa is ek it krúspunt by Tsjerkwert oanpast. Nei de simmerfakânsje geane we los mei it stik tusken Boalsert en Tsjerkwert (noardlik part). Op dizze side fine jo de lêste ynformaasje en wat we wannear dwaan sille.
Wurksumheden Boalsert-Tsjerkwert (noardlik part)
Fan moandei 8 septimber o / m sneontemoarn 20 septimber ferbreedzje wy de wei tusken Tsjerkwert en Boalsert-Súd. De dyk krijt kwa breedte en belijning de útstrieling dy't past by in autodyk (100 kilometer yn'e oere). Op it stik dêr't de maksimale snelheid 70 kilometer is, passe we de belijning en de breedte fan de dyk oan, sadat de belibbing oars is. Tagelyk mei de ferbreding fiere wy ek ûnderhâldswurksumheden út. Dat betsjut dat de dyk in nije laach asfalt krijt.
Neist it ferbreedzjen fan de provinsjale dyk, passe wy ek de ûntsluting fan Eemswoude oan. Eemswoude krijt in wizige oansluting op de provinsjale dyk. Mei de wurksumheden kin ferkear fan de rjochting Tsjerkwert ôf ôfslaan nei Eemswoud in út Eemswoude wei de N 359 opride rjochting Boalsert.
Nachtlike ôfslutingen
Wy fiere it wurk út yn'e nacht. Dêrom is de dyk ôfsletten tusken 19.30 oere en 05.30 oere. Oerdeis is de dyk yn beide rjochtingen iepen foar it trochgeand ferkear. Ek yn'e wykeinen is de wei dei en nacht iepen.

Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Of wolle jo mear witte? Belje dan nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren of mail nei provincie@fryslan.frl.