Wurk oan it Wetter by Warkum

Oan de Iselmarkust by Warkum wurde yn it kommende jier ferskate wurksumheden útfierd. Dy wurksumheden meitsje diel út fan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust. Yn dat projekt wurkje oerheden en natuerorganisaasjes mei-inoar oan in sterke en feilige Iselmarkust, mei omtinken foar natuer, lânskip en rekreaasje. 

By Warkum binne trije projekten tûk kombinearre. Sa komt der in strekdaam, wurdt it rekreaasjewetter útdjippe en wurdt mei it - út it rekreaasjewetter - fuorthelle sân de Warkumerwaard fersterke: 

  • Oanlis strekdaam It Soal

    Der komt in twadde strekdaam by it strân en it rekreaasjewetter, parallel oan de oare strekdaam dy't tsjin natuergebiet Stoenckherne oanleit. De nije strekdaam soarget derfoar dat de fargeul net tichtsliket, sadat de wetterdjipte foar de skipfeart better hanthavene wurdt. Op de strekdaam komt in betonpaad, wat brûkt wurde sil as kuierpaad. Dêrnjonken komme der fjouwer fiskplatfoarms foar angelsporters. Ek leit de oannimmer in trailerhelling oan foar lytse boaten op hântrailers. De wurksumheden oan de strekdaam begjinne op 16 maart en binne kommende simmer klear. 

  • Djipte yn it rekreaasjewetter ferbetterje

    Foar it strân wurdt it wetter op in djipte fan sa'n 1,40 meter brocht. Sa kinne (kite)surfers en swimmers aanst better rekreëarje. It sân dat frijkomt, wurdt brûkt foar natuerferbettering fan de Warkumerwaard. De wurksumheden oan it rekreaasjewetter begjinne yn ‘e simmer fan 2026 en steane pland oant de ein fan 2026, mooglik oant de maitiid fan 2027.

  • Natuerferbettering Warkumerwaard

    It natuergebiet wurdt oer in lingte fan sa'n 2 kilometer fersterke en opknapt. Mei it frijkommen sân fan it rekreaasjewetter wurdt in sânplato mei fariearjende hichtes oanlein fan likernôch 200 meter breed. Op ferskate plakken komme skulpebanken om it gebiet tsjin eroazje te beskermjen. Oan de noardkant wurdt in stiennen daam oanbrocht om it sân yn it gebiet fêsthâlde te kinnen. De wurksumheden oan it natuergebiet beginne yn ‘e simmer fan 2026 oant de ein fan 2026 mei útrin nei de maitiid fan 2027. 

Ofslutingen 

By de wurksumheden wurde parten fan it gebiet ôfsletten. By de earste wurksumheden oan de strekdaam (maart - simmer 2026) wurdt it strân noch net ôfsletten, allinnich it paad yn de súdlike punt rjochting Kanaal It Soal. Yn it earste part fan de wurksumheden oan it rekreaasjewetter by it strân (fan simmer 2026 ôf) wurdt de súdkant fan it strân ôfsletten en is de noardlike helte iepen. Dêrnei wurdt de noardlike helte ôfsletten en is de súdlike helte iepen. Der bliuwt dus altyd in part (helte fan it strân) iepen foar rekreaasje. Rekreanten wurdt fersocht de buorden en stekken goed yn ‘e gaten te hâlden en yn ferbân mei de feiligens net yn de dielen te kommen dy't ôfsletten binne. 

Fersterkje Fryske Iselmarkust

It Soal by Warkum is ien fan de grutste dielprojekten fan Versterken Friese IJsselmeerkust. Nei in eardere oplevering fan de swimtrep yn Laaksum, natuergebiet De Mokkebank by Laaksum, it opknappen fan de Makkumer Noardwaard en de Plattedyk by De Lemmer is dit ien fan de folgjende projekten. 

Gearwurkingspartners 

Versterken Friese IJsselmeerkust is in gearwurkingsprojekt tusken it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de regio. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en It Fryske Gea. Dizze organisaasjes sette harren yn foar eroazjemaatregels en it fergrutsjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. It Ryk stelde goed €13 miljoen beskikber foar Versterken Friese IJsselmeerkust. De regio heakke dêr noch €5 miljoen oan ta. It projekt by Warkum is dêrneist mei ta stân kaam troch Vogelbescherming Nederland en de Nationale Postcode Loterij. De wurksumheden by Warkum wurde útfierd troch oannimmers Van Oord en Van der Meer. 

Mear ynformaasje op: www.frieseijsselmeerkust.frl.