Wetterfeiligens: in mienskiplike opdracht
Fryslân en de rest fan Nederlân lizze leech neffens de seespegel. Dêrom binne der yn ús lân in soad diken om ús te beskermjen tsjin oerstreamings fan seeën, rivieren en oare wetters. Wy ûnderskiede primêre en regionale wetterkearingen, dy't soargje foar foldwaande wetterfeiligens.
- In primêre wetterkearing is in dyk, daam of dún dy’t beskerming jout tsjin oerstreamingen troch saneamd bûtenwetter. Tink oan de Noardsee, de Waadsee en de Iselmar.
- In regionale wetterkearing is in dyk of kade dy’t beskerming jout tsjin oerstreamings troch binnenwetter. Lykas regionale rivieren, kanalen en marren.
De wetterkearingen moatte oan wetlike feilichheidsnoarmen foldwaan. Dêrom wurde wetterkearingen geregeld fersterke, ferlein of ferbettere. It komt ek foar dat nije diken oanlein wurde. De wetterskippen binne dêr ferantwurdlik foar. Utsein foar de primêre wetterkearingen; dy binne yn behear by it Ryk.
Foar it oanlizzen of fersterkjen fan in primêre wetterkearing is it wetterskip ferplichte in projektbeslút fêst te stellen. Foar regionale wetterkearingen is dat net ferplichte.
Provinsje Fryslân hat de wetlike taak it projektbeslút fan it wetterskip foar oanlis of fersterking fan in primêre wetterkearing goed te karren. Dit goedkarringsbeslút hat gjin betrekking op de feilichheidsopjefte op himsels; dus de fraach oft de kearing wol oan de wetlike feilichheidsnoarm foldocht, mar mear op de algemiene romtlike aspekten en goede lânskiplike en ekologyske ynpassing fan de dyk.
As helpmiddel foar it ta stân kommen fan in goedkarringsbeslút is in ‘Leidraad procedure goedkeuring dijkversterkingen provincie Fryslân’ ûntwikkele. Hjiryn is beskreaun hokker stappen trochrûn wurde moatte en op hokker aspekten it projektbeslút fan it wetterskip toetst wurdt. Dat jout mear uniformiteit, werkenberheid en konsistinsje oan it goedkarringsbeslút. De ynhâld fan dizze Leidried is mei provinsje Súd-Hollân en Wetterskip Fryslân ôfstimd.